Twa ferwûnen by tige grutte brân by havenbedriuw yn Harns

De grutte brân yn Harns fan boppen
De grutte brân yn Harns fan boppen © CAMJO media
By in tige grutte brân by havenbedriuw Nesta Shipping yn Harns binne twa minsken ferwûne rekke. De reek is fan fierôf te sjen.
Wat de brân krekt fersoarsake hat, is net dúdlik. "Doe't we hjir kamen, koenen we it gebou al net mear yn", fertelt brânwachtwurdfierder Baukje de Wal.
Minsken yn de buert fan de grutte brân yn Harns, ha in NL-Alert krigen. "Blijf uit de rook", is de warskôging dy't se ûntfongen.
De twa minsken dy't ferwûne rekke binne, hoegden net nei it sikehûs. Se hawwe allinnich reek binnenkrigen, der is gjin sprake fan oare ferwûnings.
Grutte brân yn Harns: bylden fan boppen
Der is opskaald nei in GRIP1-situaasje. Dêrmei kinne de ferskillende helptsjinsten better mei elkoar gearwurkje. Brânwachtploegen út de hiele provinsje binne oproppen om de brân te bestriden.
Der wurdt op dit stuit in saneamd peloton ynset. Sa'n peloton bestiet út fjouwer tankautospuiten, in offisier fan tsjinst - dizze hat de lieding oer de ienheden - en in grut wettertransport. Dêrmei kin wetter oant in ôfstân fan oardel kilometer fan de brân ophelle wurde. Fierder is der in twadde peloton alarmearre.
Der komt in soad reek frij by de brân. Dy reek giet yn de rjochting fan Winaam, Pitersbierrum en Seisbierrum. De Veiligheidsregio ropt minsken dêr op om net yn de reek stean te gean. Minsken dy't yn de buert wenje of wurkje, wurdt oantrune om ruten en doarren ticht te dwaan en fentilaasjesystemen út te skeakeljen.
De ferwachting is dat de bestriding fan de brân yn Harns noch wol oeren duorret. Der stiet aardich wat wyn en der is kâns dat it him útwreidet nei njonkenlizzende gebouwen. De brânwacht besiket dat foar te kommen.
Bylden fan de grutte brân yn Harns
Nesta Shipping is in bedriuw dat aktyf is yn de logistike sektor. It is in famyljebedriuw dat by de grutste logistike tsjinstferlieners yn de regio heart. It bedriuw regelet bygelyks transport, dûane en fersoarget laad- en losprosessen fan skippen.
De brân is yn in loads fan it bedriuw oan de Korte Lijnbaan yn Harns.
Grutte swarte reekwolken binne fan fier te sjen
Grutte swarte reekwolken binne fan fier te sjen © Omroep Zilt, Lennard Geerts