Jierren nei de dea fan har soan komt keunstner Marian van Unen mei eksposysje

In skilderij fan de ferstoarne soan William.
In skilderij fan de ferstoarne soan William. © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Op syk nei antwurden oer de behanneling fan har soan en syn dea op 1 septimber 2007 rekke se har wurden kwyt: byldzjend keunstner Marian van Unen. Pas nei in ynterview oer har situaasje, fjirtjin jier letter yn it deiblêd Trouw, krige se wer romte yn har hert en holle.
It resultaat is in yngeande eksposysje yn it Hannemahûs yn Harns.
Soan William wie 34 jier doe't hy stoar. Der wie al in jierrenlange swalktocht yn de psychiatry oan foarôfgien. Hieltyd krige hy oare diagnoazes en medikaasje en rekke hy fan psygoaze yn psygoaze.
Yntusken rekke William hieltyd fierder fan himsels ôf. Hy kaam op strjitte telâne, gie fan opname nei opname en rekket ek hieltyd fierder fan syn mem ôf. Se hat kwealik kontakt en krijt ek gjin antwurden fan de behannelers fan de ynstellings.

'Stoarn troch it systeem'

Uteinlik komt William te ferstjerren, ien dei nei't hy net opnaam wurde koe, wylst dat neffens syn mem wol nedich wie. Se fynt dat William troch it systeem yn de psychiatry stoarn is.
In selsportret fan Marian van Unen.
In selsportret fan Marian van Unen © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Yn har syktocht rekke se harsels hielendal kwyt. Se krige mar gjin antwurd op wêr't har soan no krekt foar behannele waard. "Het systeem is zo destructief, dat dat uiteindelijk tot de omstandigheden van zijn dood hebben geleid", fertelt Marian van Unen.
"Geef mij woorden, geef mij taal, geef mijn woede een verhaal." Dat binne de wurden dy't de eksposysje yntrodusearje. "Ik had geen woorden meer voor wat mij was overkomen. Ik wilde dat in beelden uitdrukken."

Skilderjen

Dat se dat úteinlik koe, kaam troch in ynterview mei in wittenskipssjoernalist. Yn it deiblêd Trouw kaam yn 2021 in artikel oer har striid mei de GGZ. Dêrtroch krige se de befêstiging dat har ferhaal der ta docht. Se krige dêrtroch wer gefoel en koe har bern wer tichter by har krije en har mei him ferbine.
It earste portret dat se skildere, wie dat fan William. "Als je een portret maakt, gaat een mens je aankijken. Hij kwam weer tot leven." It skilderjen gie yn fazen, "maar uiteindelijk heb ik het er vrij snel opgekwakt."
Dêrnei folgen noch sechtjin oare portretten. Fan freonen, mar ek fan psychiaters dy't har nei de dea fan William wol holpen.
William
William © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
De portretten fan freonen binne allegear makke doe't se de 50 jier al foarby wiene. Dat is oars as dy fan William. Dy is altyd 34 bleaun. De freonen wiene yn dy tiid ek jonge minsken mei problemen en mei bysûndere libbensferhalen.
Njonken de skilderijen hingje harren ferhalen oer William. Se koene it sechtjin jier letter samar weromhelje en opskriuwe. It makke Marian van Unen ek dúdlik dat je ditsoarte saken nea hielendal allinnich belibje.
"Het is eigenlijk voor iedereen fijn om portretten te kunnen tekenen die je lief zijn. En die je tot je dood helpen er doorheen te komen."

Rêst troch de skilderijen

Marian van Unen is bliid dat de portretten in plakje krigen ha yn it Hannemahûs. Se fynt it noflik om der te wêzen en it jout har rêst tusken de skilderijen. Foar de minsken dy't portrettearre binne, wie it wol efkes slikke, mar se fine it ek moai dat it ferhaal no op dizze wize ferteld wurdt.
"Voor mij zijn het allemaal vertrouwde mensen waar ik naar kijk. Het is een soort rust."
De heit fan William.
De heit fan William © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Se wol ek graach it ferhaal fertelle omdat safolle mear minsken soks ek meimeitsje en der wat oan ha kinne. Der leit neffens Van Unen noch in grut taboe op it sprekken oer it ferliezen fan in bern yn de psychiatry. "Vader en moeder, het ga u goed, je kunt nog bij een rouwgroep, maar dat is het."
Marian van Unen hopet dat der dêrnei noch op oare plakken romte is foar de eksposysje. "Ik hoop dat er instellingen of organisaties zijn die dat zouden willen. En er dingen omheen organiseren."
It ferhaal fan Marian van Unen yn de Buro de Vries-podcast is hjir te beharkjen.