Maria Mulder gie op syk nei har ôfkomst en fûn harsels: "Ik mag er zijn"

Maria Mulder
Maria Mulder waard berne yn de Fonteinstrjitte yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Klazina Hofstee
Maria Mulder wurdt, midden yn de simmer fan 1962, berne yn in hûs oan de Fonteinstrjitte yn Ljouwert. Tegearre mei har mem wurdt se mei de ambulânse nei it Bonifatiussikehûs yn Ljouwert brocht. Dêr wurdt se ôfstien. Acht moanne letter wurdt se adoptearre.
Se komt terjochte yn Oerisel by Friezen om utens. De húshâlding fielt as in waarm bad, fertelt Mulder. "Ik heb de allerliefste ouders van de wereld gehad." Ek hat se in "mooie en normale" jeugd hân, seit se sels.
It is gjin geheim dat se adoptearre is. "Dat wist ik al op de kleuterschool." Mar nettsjinsteande de leafde en de feiligens dy't se fielt fan har heit en mem hat Maria faak it gefoel dat se der net wêze mei. Dat se ôfstien is troch har mem, is in grut iepen plak.
Je hebt als afgestaan kind altijd het gevoel dat je er niet mocht zijn.
Maria Mulder, dy't as bern adoptearre waard
Op har tweintichste wol se mear witte oer har ôfkomst. Se siket kontakt mei de Raad voor de Kinderbescherming yn Ljouwert en sa komt se te witten dat se berne is yn de Fonteinstrjitte as fiifde berntsje fan har biologyske mem.
It ferhaal fan Maria Mulder is op 14 jannewaris te belústerjen om 11.00 oere yn Buro de Vries, of as podcast op Spotify of Apple Podcasts.
De Raad voor de Kinderbescherming leit kontakt mei har mem, mar dy wol gjin kontakt mei har dochter. Dêrmei hâldt de syktocht foar Mulder foarearst op. De pine fan ôfwizing is te grut. "Je hebt als afgestaan kind altijd het gevoel dat je er niet mocht zijn."

Ferpleechkundige Regina

Jierren letter is Mulder troud. Se hat yntusken sels twa bern. Wannear't se mei de jongste nei it konsultaasjeburo yn har wenplak Westbroek, flakby Utert, giet, rekket se oan de praat mei in ferpleechkundige.
It docht bliken dat dizze frou, dy't Regina hjit, har as jonge ferpleechkundige opfongen hat doe't se as lytse poppe yn 1962 oankaam yn it Bonifatiussikehûs. De earste moannen fan har libben hat Regina dus foar har soarge.
"Als ik huilde, werd Regina thuis gebeld en dan kwam ze naar het ziekenhuis. Ze hield me in haar armen en dan werd ik rustig,"

Syktocht

Regina wie mei fakânsje doe't Mulder wer fuortgie út it sikehûs wei. Se hat nea witten wêr't se, nei har adopsje, nei ta gien wie. It is net oant de tafallige moeting op in konsultaasjeburo yn it midden fan it lân dat beide froulju mekoar wer sjogge.
Se hâlde kontakt, wurde grutte freondinnen en Mulder beslút, mei help fan Regina en har famylje, de syktocht nei har ôfkomst wer op te pakken.
Ik mag er zijn.
Maria Mulder hat dit tatoeëarje litten op ien fan har fuotten
Uteinlik komt Mulder derachter dat se fjouwer bruorren hat. Dy witte net fan har bestean. Se komt yn kontakt mei twa fan har bruorren. Mei harren help moetet se letter sels har mem. Dêrmei is de sirkel rûn.
Sa fernimt Maria dat se der dochs wêze mei. Op har foet lit se dan ek in tatoeaazje sette, sadat se der alle dagen oan tinkt: "Ik mag er zijn".
Klein maar dapper
It boek "Klein maar dapper" dat skreaun waard nei ôfrin fan Maria's syktocht © Omrop Fryslân, Klazina Hofstee
Foar har eigen man en bern beslút se har ferhaal op te tekenjen. Dat ferhaal wurdt úteinlik it boek Klein maar dapper, te krijen by útjouwerij Elikser.
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.