Jeen van den Berg, reedrider mei in fanatisme sûnder grinzen

Jeen van den Berg winner fan de Alvestêdetocht 1954
Jeen van den Berg winner fan de Alvestêdetocht 1954 © Fries Film Archief
Syn fanatisme kende gjin grinzen. Bûge of barste, oars koe er net: reedrider Jeen van den Berg. Dit jier is it tsien jier lyn dat er ferstoar, 86 jier âld.
Van den Berg is foaral ferneamd fanwege syn winst yn de Alvestêdetocht fan 1954 en syn tredde plak yn de barre tocht fan 1963. Mar hy wie ek twa kear dielnimmer oan de Olympyske Spelen, mearfâldich dielnimmer oan WK's, EK's en NK's langebaan en oan hûnderten maratons.

"Alles foar de winst"

Histoarikus Mark Hilberts is fassinearre troch de tsjinstelling tusken in geduldich en sosjaal man dy't altyd foar de minsken klearstiet, foar de man oer dy't bloedfanatyk is en der net foar tebekskrillet om syn tsjinstanners te 'flikken', as hy dêrmei in wedstriid of in medalje winne kin.
Skriuwer en histoarikus Mark Hilberts
Skriuwer en histoarikus Mark Hilberts © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Hilberts skreau yn 2022 in boek oer Van den Berg. "Alles gong om winnen. Jeen koe yn de sport gjin grinzen en wie keihurd, foaral foar himsels."

Altyd trochgean

"Yn Sweden foel hy spikerhurd op it iis by in wedstriid oer 200 kilometer en rekke er bûten westen", fertelt Hilberts. "De dokter woe net dat hy trochried, mar Jeen woe fan gjin wiken witte. Hy ried earst wol de ferkearde kant op."
"En foar in wedstriid yn Amsterdam krige hy syn hân tusken de doar fan de auto. Dy hân wie flink stikken. Hy die der in lape omhinne en ried de wedstriid út. Pas nei de tiid gong er nei it sikehûs."
Jeen is hast op it iis opgroeid.
Histoarikus Mark Hilberts
Hilberts skriuwt it fanatisme fan Van den Berg ûnder mear ta oan syn drege jeugd yn in earme húshâlding. "As jonkje gie de buorkerij fan syn âlders fallyt en ferhuzen se nei in wenarkje yn de Alde Feanen dêr't heit de kost fertsjinne as reidsnijer", fertelt Hilberts.
"Jild wie der net en it libben wie hurd. Jeen moast lange reizen meitsje oer it wetter en op de fyts om nei skoalle te gean. As der iis lei, gie it folle flugger oer it wetter. Jeen is hast op it iis opgroeid. Reedriden wie syn twadde natoer."
In radiodokumintêre fan Gerrit de Boer oer Van den Berg is te belústerjen op 7 jannewaris om 11.00 oere yn Buro de Vries, of as podcast op Spotify of Apple Podcasts.
Mei op inisjatyf fan syn ûnderwizer mocht Van den Berg trochleare en krige hy nei de kweekskoalle in baan as ûnderwizer yn Nij Beets en letter op It Hearrenfean.

Alvestêdetocht

Yn 1947 docht hy foar it earst mei oan in Alvestêdetocht. Sân jier letter komt hy as earste oer de streek nei in gaoatyske einsprint. "Fiifhûndert meter foar de finish hong in doek dêr't mei grutte letters finish op stie, en mei lytse letter dêrûnder 'over 500 meter'. De fiif koprinners sprinten dêrhinne", seit Hilberts
Mar Van den Berg hie as earste troch dat hy noch fierder moast. "En hy hie ek noch wat oer. Sa waard hy de winner fan dy dei." Uteinlik docht hy sân kear oan de Alvestêdetocht mei. De lêste kear yn 1997.
Jeen van den Berg yn syn lêste Alvestêdetocht yn 1997
Jeen van den Berg yn syn lêste Alvestêdetocht yn 1997 © ANP Foto
Van den Berg wurdt mei troch syn oerwinning yn de Alvestêdetocht lid fan de reedrydkearnploech fan de KNSB, doetiids it heechste dat in rider berikke koe. Hy giet op trainingskamp yn Skandinavië en docht mei oan de grutte kampioenskippen.
Echt potten brekke, kin hy dêr net. Mar hy wurdt wol in kear twadde by it Nederlansk kampioenskip en mei meidwaan oan twa Olympyske Spelen: yn 1956 en 1960 op de fiif en tsien kilometer. Fierder as in 19e plak op de fiif kilometer komt hy net.
Hilberts; "Dat Jeen dêr net sa goed prestearre, hie ek te krijen mei de tiid. Se rieden alles noch bûten mei faak wikseljende omstannichheden. Dy sieten Jeen net mei. As allrounder wie hy goed, mar gjin topper. Dêrfoar wienen syn koarte ôfstannen net goed genôch."

Thialf

Op trainingskamp yn Skandinavië sjocht Van den Berg foar it earst in keunstiisbaan. En hy rekket derfan oertsjûge dat it Nederlânske reedriden allinnich op in heger nivo komme kin as hjir ek keunstiisbanen komme.
Jeen van den Berg yn aksje op de langebaan yn Deventer
Jeen van den Berg yn aksje op de langebaan yn Deventer © ANP Foto
Neidat der banen kommen binne yn Amsterdam en Deventer spilet Van den Berg in grutte rol by it ta stân kommen fan Thialf. Hy sit dêr yn it komité fan oprjochting. Ek op technysk mêd is hy in fernijer mei bygelyks oare trainingsfoarmen.
Yn lettere jierren stiet hy oan de basis fan de opkomst fan sponsorploegen. Hilberts; "Dan gie hy nei bedriuwen ta om jild. Omdat se him koenen en omdat hy goed prate koe, slagge dat ek. Letter kaam hy ek mei grutte sponsors, lykas Finnair bygelyks."
anp
Jeen van den Berg yn 2011 © ANP
Nei syn aktive karriêre as langebaanrider docht Van den Berg desennia mei oan maratonwedstriden, in tak fan sport dy't hy foar in grut part op de kaart set. Yn 1973 is hy de earste Nederlânske kampioen maratonreedriden op de baan. Oant hege âldens bliuwt hy aktyf.
Yn 1999 pakt hy noch de wrâldtitel foar mannen boppe de santich op de langebaan. Yn 2000 krijt Van den Berg in harsenblieding. It reedriden giet dêrnei net mear. Yn 2014, nei in twadde harsenblieding, komt hy te ferstjerren.

'Tiid foar in monumint'

Neffens Hilberts is Van den Berg yn Fryslân wol in bekende persoanlikheid, mar hat hy nea de erkenning krigen dy't er fertsjinnet. "Hy wie echt in ambassadeur foar it riden en foar Fryslân. Mar nearne is der in echt oantinken fan him te finen. Net yn Ljouwert en ek net by Thialf. Dat fernuveret my en ik tink dat it heech tiid wurdt dat it der komt", seit Hilberts.
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.