Famyljepine fan in skynber fleurige bingofrou yn foarstelling BINGO

Tamara Schoppert yn BINGO
Tamara Schoppert as Tine yn BINGO © Omrop Fryslân
BINGO is it ferhaal fan Tine en har mem, dy't inoar tsien jier net sjoen hawwe. Famyljepine fan in skynber fleurige frou. De foarstelling is op twadde krystdei te sjen by Omrop Fryslân.
In jier lang spile Tamara Schoppert BINGO, in solofoarstelling oer earmoed. It wie ien fan de grutte tema's fan de ferkiezings: besteanswissens of 'bestaanszekerheid'. De soargen fan gewoane minsken dy't somtiden net witte hoe't se de eintsjes oan inoar knoopje moatte.
Sjoch hjirûnder de folsleine útstjoering:
Net in oantreklik ûnderwerp foar in foarstelling miskien, foar in jûntsje út, mar it tema lient him krekt hiel goed om in pynlik ferhaal te fertellen. Oer hoe't earmoed alles en dus ek de famyljeferhâldingen fergrieme kin.
Want sa giet dat yn famyljes, as der earne net oer praat wurde kin. Dat net-prate is eins noch wol mear in universeler tema fan de foarstelling as earmoed.
Tamara Schoppert yn BINGO
Tamara Schoppert yn BINGO © Omrop Fryslân
Tine, de frou dy't de bingojûn liedt is in crowdpleaser. "Sorry, sorry, sorry," sa komt se binnen. Mar der sit har dúdlik ek wat dwers. Mem is krekt ferstoarn. En se wie der tsien jier net mear west. Tusken de bingoballen en fleurige ferhalen troch komt it ferhaal der lang om let dochs út.
De foarstelling BINGO is te sjen op Omrop Fryslân op twadde krystdei fan 18.00 - 19.00 oere.
"As ik yn it pashokje stie foar de spegel mei wat moais oan, dan hearde ik fuoartendaliks al mem har stim: Djoer, tink! By ús mem waard ik de grize ferzje fan mysels. Ik hie de pest oan dat skrale minske dêr't ik dan yn feroare."
"Op in dei sei mem by it fuortgean: Moatst mar net mear komme. En al wat ik besocht, ik kaam der net mear yn."
Tamara Schoppert
Tamara Schoppert © Omrop Fryslân
BINGO is makke op inisjatyf fan de Stichting Platform Armoede en Schulden Fryslân. Koördinator Douwe Beimin woe mei in foarstelling earmoed ûnder âlderen besprekber meitsje. Tamara Schoppert en har kollektyf 'Ploech en eide', oprjochte om keunst en kultuer yn it sosjaal domein te bringen, pakte it op.

Lege drompel, grut sukses

De foarstelling is dan ek net spile yn de teäters, mar yn doarpshuzen en buerthuzen rûnom yn de provinsje. Dizze foarstellingen koene fergees oanbean wurde. Sa wie de foarstelling foar elkenien tagonklik.
Nei ôfrin fan de foarstelling waard der mei it publyk nei- en trochpraat ûnder lieding fan petearlieders fan UP! Nederland. It waard in grut sukses. Tryater pakte de foarstelling op en soarge foar in Fryske fersy fan BINGO.
Mear sjen oer earmoed?
- Simone Scheffer makke dit jier in rige oer earmoed.
- Op 22 maaie makke Buro de Vries in tema-útsjtoering oer earmoed.
- Douwe Beimin fan PAS, Platform Armoede en Schulden, fertelt eroer yn de dokumintêre fan FryslânDOK: Unkrûd bestiet net.