Twa fjoerwurkslachtoffers yn Fryslân jonger as 16 jier

anp
In fjoerwurkslachtoffer yn it sikehûs © ANP
Fan de sechstjin fjoerwurkslachtoffers dy't dit jier yn Fryslân mei de jierwiksel op de spoedeaskjende help bedarren, wie ien jonger as 12 jier. In oar wie tusken de 12 en 15 jier.
Dat docht bliken út ûndersyk fan VeiligheidNL, it kennissintrum op it mêd fan letselprevinsje.
Yn totaal wienen der yn Fryslân sechstjin fjoerwurkslachtoffers dy't nei de spoedeaskjende help moasten. Dat wie mear as yn de ôfrûne jierren. Net alle slachtoffers kamen út Fryslân, sa behannelet it Antonius sikehûs ek pasjinten út de Noordoostpolder.
Lanlik wie sprake fan in lytse delgong yn it tal fjoerwurkslachtoffers op de spoedeaskjende help: fan 389 nei 365. Yn de coronajierren lei it tal slachtoffers noch folle leger, dat wie te ferklearjen út it feit dat der doe in fjoerwurkferbod wie.

Mear eachletsel, mear troch yllegaal fjoerwurk

Noch folle mear slachtoffers kamen terjochte by de húsdokterspost. Lanlik wienen dat der 847. Dat is fergelykber mei de 864 fan in jierwikseling earder. Fan de slachtoffers by de húsdokterspost binne der gjin regionale sifers, dus it is net bekend hoefolle dêrfan der yn Fryslân wienen.
De measte slachtoffers op spoedeaskjende helpen en by húsdoktersposten ha brânwûnen (38 prosint). In hast like grutte groep (34 prosint) hie eachletsel.
Der wiene dit jier mear ûngelokken mei swier yllegaal fjoerwurk as in jier earder. Dat gong no om 29 prosint fan de gefallen, tsjinoer 22 prosint in jier lyn. Under swier yllegaal fjoerwurk falle ûnder oare mortierbommen, nitraten en kobra's.
By it sammeljen fan de gegevens wurke VeiligheidNL gear mei de Nederlandse Vereniging van Spoedeisende Hulp Artsen, InEen (feriening fan organisaasjes foar earstelynssoarch, lykas húsdoktersposten) en de Nederlandse Vereniging voor Traumachirurgie.