Plysje Fryslân al moannen yn tarieding op "eksplosiven" by jierwiksel

Thijs Damstra fan de plysje Noard-Nederlân
Thijs Damstra fan de plysje Noard-Nederlân © Omrop Fryslân
De plysje Noard-Nederlân hopet op in rêstige jierwiksel yn Fryslân. Al moannen binne se dwaande mei de tariedings foar âldjiersnacht. Lanlik binne de soargen grut.
De lanlike plysje jout yn in parseberjocht oan dat it in 'heftige' âldjiersnacht wurde kin. Dat komt benammen troch de taname fan swier fjoerwurk. Dochs ferwachtet wurdfierder Thjis Damstra dat âld en nij yn Fryslân goed gean sil.
"Wy sette yn op in feestlike en feilige jierwiksel. Wy hawwe kontakten mei doarpsbelangen, gemeenten, de brânwacht, de Veiligheidsregio, ensafuorthinne. Sa kinne we mei ús allen moai de nacht troch."
It binne echt eksplosiven dêr't it om giet.
Thijs Damstra, wurdfierder Plysje Noard-Nederlân
Ek yn Fryslân is de plysje drok dwaande mei de striid tsjin swier fjoerwurk. Sa hat de plysje begjin dizze moanne yn Noardeast-Fryslân al in grut netwurk foar hannel yn yllegaal fjoerwurk offline helle.
"Mei de jierwiksel yn it sicht is it ien fan ús grutste prioriteiten", seit Damstra, "Dat swiere fjoerwurk wy net mear wolle moatte. It binne echt eksplosiven dêr't it om giet, dy binne libbensgefaarlik."

Sleutelfiguren

De plysje set ek bot yn op 'sleutelfiguren' út wiken en doarpen, om problemen better foar te kommen en te hanthavenjen. Tink dêrby oan kontakten yn in wyk- en doarpsbelangen.
"Sy binne de eagen en de earen yn de wyk. Oan de hân fan dy ynformaasje witte wy wêr't in spesifike wyk tsjinoan rint. Dan kinne wy mei de gemeenten ôfspraken meitsje oer wat wy dêr dwaan moatte."
It fjoerwurk dat ûnderskept is
It fjoerwurk dat begjin desimber ûnderskept is © politie_eenheid_noordnederland
De moannen oan tariedings, it oprôljen fan yllegaal fjoerwurk en de ynset op âldjiersnacht freegje in soad tiid, mankrêft en jild fan de plysje. Wylst ek de plysje te krijen hat mei bygelyks personielstekoarten.
"Dat is in kar dy't wy meitsje moatte", seit Damstra, "It is ien fan de drokste nachten fan it jier. Alle senario's moatte goed taret wurde en der moat in soad plysje de strjitte op. Dat freget in soad personiel. Yn prinsipe binne wy der klear foar om der in feestlike en feilige nacht fan te meitsjen."