Mear fjoerwurkslachtoffers binnenbrocht yn sikehûs Ljouwert

MCL sikehûs
Sikehûs MCL yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Jitze de Vries
Yn sikehûs MCL yn Ljouwert binne mear fjoerwurkslachtoffers binnenbrocht as ferline jier, mar wol minder dronken slachtoffers. Kwa agresje wie it in rêstige nacht.
In nacht mei twa gesichten yn sikehûs MCL yn Ljouwert. De earste poppe fan it nije jier 2024 is al berne. Oan de oare kant wie it ek folle drokker mei fjoerwurkslachtoffers. Twa kear safolle as ferline jier.
Konkreet giet it no om mear as tsien slachtoffers, wylst it ferline jier fjouwer wiene. Earstehelpdokter Pieter Wichers hat gjin ferklearring foar it hegere tal fjoerwurkslachtoffers.
Toen brak het hier ook al vrij snel los.
Earstehelpdokter Pieter Wichers MCL
De drokke nacht yn it MCL begûn rêstich. Om tolve oere koene it earstehelppersoniel noch efkes mei syn allen nei it fjoerwurk sjen en dêrnei waard it drok. Pieter Wichers: "Toen brak het hier ook al vrij snel los."
Wichers hie de hope dat der fanwege it minne waar minder fjoerwurkslachtoffers wêze soene. "Blijkbaar is het mensen toch gelukt om vuurwerk af te steken."

Slimme ferwûnings

De slachtoffers dy't binnenbrocht binne, hiene slimme ferwûnings oan de hannen, letsel oan de eagen en brânwûnen. As it nedich wie, waard der fuortendaliks operearre troch in plastysk sjirurch.
Der binnenbrochte pasjinten wiene wol minder faak dronken. Wichers fermoedet dat dat ek mei it waar te krijen hat. "Dan draai je wel een keer met je ogen. Weer iemand die met een veel te hoog alcoholpromillage. Uiteraard krijgen die patiënten ook de zorg die ze verdienen."