Wyn en rein by jierwiksel: "As it drûch is, soe ik it fjoerwurk fuortendaliks ôfstekke"

Jan Jonkman
Jan Jonkman © Omrop Fryslân
It wurdt in rûzige jierwiksel, ferwachtet waarman Jan Jonkman. Der sil in krêftige wyn stean en drûch bliuwt it net.
Minsken dy't karbidsjitte wolle, fjoerwurk ôfstekke wolle ôf fan doel binne bûtenaktiviteiten te ûndernimmen, treffe it dus net.
De dei begjint noch wol drûch, ferwachtet Jonkman, mar al gau komt der in steuring mei lichte rein út it suden wei. "Dêr hawwe we middeis ek noch lêst fan", seit de waarman.

Krêftige wyn

Jonkman foarseit foar letter op de middei in drûge perioade, mar jûns falle der opnij buien. "Boppedat stiet der in krêftige sudewyn, krêft 5 boppe lân en 6-7 yn it Waadgebiet." As de earste buien fuort binne, soe de wyn wol efkes in skoftke weifalle kinne.
Wat it bêste momint is om fjoerwurk ôf te stekken, doart de waarman net te sizzen. "Der komt in buiegebiet op ús ta, mar dat is net fan oere op oere te foarsizzen. As it moarntejûn efkes drûch is, soe ik it fuortendaliks ôfstekke. Net ôfwachtsje oant middernacht."
De temperatuer leit om de 8-9 graden hinne.