Heger minimumlean, gjin enerzjytaslach, drank en sigaretten djoerder: dit feroaret yn 2024

Hoefolle ha we takom jier yn 'e beurs?
Hoefolle ha we takom jier yn 'e beurs? © ANP
De enerzjytaslach foar minsken mei in leech ynkommen ferdwynt. It minimumlean giet omheech en de AOW-leeftiid giet nei 67. Op 1 jannewaris feroaret der wer in soad op it gebiet fan regels en wetten.
De enerzjytaslach dy't ynsteld wie foar minsken mei in leech ynkommen hâldt op. Dy taslach koe oanfrege wurde by gemeenten. It ôfrûne jier gie dat om bedraggen tusken de 800 euro en 1300 euro, ôfhinklik fan de gemeente. It wie ien fan de maatregels om de hege enerzjyrekkens mei te kompensearjen.

Needfûns in 'lapmiddel'

By de gemeenten binne se der net bliid mei. "Mensen zullen de energierekening uit de eigen inkomsten moeten betalen", seit de Ljouwerter wethâlder Hein Kuiken. Der binne noch wol kompensaasjemaatregels foar minsken dy't dreech rûnkomme kinne, mar dêr is minder jild beskikber.
"Er is een noodfonds energie en daar kunnen mensen een aanvraag voor doen. Maar als je vervolgens door je oogharen kijkt, zie je dat het een lapmiddel is." Kuiken fynt dan ek dat der struktureel maatregels nommen wurde moatte om foar te kommen dat minsken net mear rûnkomme kinne.
Hein Kuiken, wethâlder yn de gemeente Ljouwert
Hein Kuiken, wethâlder yn de gemeente Ljouwert © Omrop Fryslân
It minimumlean giet wol omheech. Dat wurdt no 13,27 euro bruto de oere, in ferheging fan 3,75 persint. Dat is goed nijs foar de wurknimmer, mar oan de kant fan de wurkjouwers wurde fraachtekens pleatst.
Joyce Walstra, foarsitter fan wurkjouwersferiening MKB-Noord, is der bygelyks net gerêst op: "We zien dat de verhoging betrekking heeft op mensen die gebruikmaken van toeslagen. Door de loonsverhoging verliezen ze toeslagen en bedrijven worstelen dan met de vraag hoe ze kunnen voorkomen dat sommige van hun persoonsleden in een armoedeval terechtkomen."

Taslaggesysteem oanpasse

Walstra is benaud dat wurknimmers yn de problemen komme. "Als een werknemer zijn toeslagen verliest, kan een werkgever dat niet oplossen. Die moet dan in de slag met de gemeente om te zien wat er mogelijk is met regelingen." Om dy reden trunet de MKB-foarsitter der by it nije kabinet op oan it taslaggesysteem te feroarjen.
Vapes binne populêr ûnder jongerein
Vapes binne populêr ûnder jongerein © ANP
Sigaretten en shag wurde ek djoerder. In pakje shag giet fan 17 euro nei 24,62. In pakje fan tweintich sigaretten kostet aanst 11,10 euro. Der jildt ek in ferbod op de ferkeap fan vapes (e-sigaretten) mei in smaakje. Fan moandei ôf mei yn Nederlân allinnich mar de tabakssmaak ferkocht wurde.
Tabakshannelers binne benaud dat minsken de smaken aanst fia ynternet bestelle yn it bûtenlân. Yn België mei it bygelyks al ferkocht wurde. Ek binne tabakshannelers benaud dat troch de hege prizen de yllegale hannel yn sigaretten en shag tanimme sil.

Drank wurdt djoerder

De priis foar alkoholhâldende dranken giet ek omheech. In krat bier is daliks 50 sint djoerder, in flesse wyn 13 sint. De eangst dy't de tabakshannelers ha, ha de drankehannels ek, seit Dieuwke Bloemhof fan sliterij Mitra yn Burgum: "Ik tink dat klanten minder jild besteegje. Dat se makliker nei Dútslân ride at se drank keapje wolle. It skeelt te folle mei hjir."
Mei de maatregel wol de oerheid besykje drankmisbrûk tsjin te gean. "Dat wurket op dizze wize net", tinkt Bloemhof. "Benammen sterke drank wurdt sa in lúkse-produkt. De measte minsken kinne wol op in ferantwurde wize in drankje drinke."
Jild
Jild © Shutterstock.com (Maryna Pleshkun)
In oantal belestingtariven wurdt ferlege. Benammen minsken mei in leger ynkommen profitearje dêrfan. Selsstannigen sûnder personiel, de ZZP'ers, dy't in omset draaie oant 90.000 euro geane der ek op foarút. Draaie se in hegere omset, dan betelje se mear belesting. Dat jildt fan in omset fan 120.000 euro ôf.
Fierder giet de berneopfangtaslach omheech, it 'kindgebonden budget' en de hiertaslach ek. De soarchtaslach, dy't yn 2023 ferhege wie fanwege de hege ynflaasje, giet wer omleech.
Winne je by in lotterij of in gokmasine in bedrach heger as 450 euro, dan betelje je ek dêr mear belesting oer. It taryf giet fan 29,5 nei 30,5 persint.

Hegere boetes

Boetes wurde ek djoerder. Ride je troch read ljocht en wurde je pakt, dan kostet dat 300 euro. It fersprieden fan persoansgegevens op ynternet, it saneamde doxing, wurdt ek strafber. De rjochter kin der in swiere jildboete of selstraf foar oplizze.
Hegeskoalle NHL Stenden yn Ljouwert
Hegeskoalle NHL Stenden yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Op middelbere skoallen meie bern gjin mobile telefoan, tablet of smartwatch hawwe yn de klas. Skoallen ha de frijheid dêr sels ôfspraken oer te meitsjen mei learlingen en âlden.
De regels jilde fan it skoaljier 2024/2025 ôf ek foar de basisskoallen.

Mear stúdzjefinansiering

It bedrach foar de stúdzjefinansiering giet omheech. Foar in thúswenjende studint oan it mbû giet it om goed 9 euro yn de moanne dat se der by krije. Studinten oan it hbû en de universiteit krije der goed 11 euro by.
De ynkommensgrins foar in oanfoljende beurs giet ek omheech. Studinten ha dêr rjocht op as har âlden oant 70.000 euro fertsjinje. Dat wie goed 50.000 euro. Foar âlders mei mear studearjende bern leit de grins heger as de 70.000 euro.

Hegere rinte op stúdzjeskuld

It wie altyd de goedkeapste liening dy't je krije koene: de stúdzjeliening. De rinte stie jierrenlang op nul persint. Mar sûnt dit jier moatte studinten rinte betelje oer harren stúdzjeskuld en fan 2024 ôf sels in hiel soad mear.
Yn stee fan 0,46 persint sille studinten en âld-studinten fan it heger ûnderwiis 2,56 prosint rinte betelje. Foar âld-studinten fan foar 2015 is dat in persintaazje fan 2,95 persint. In studint mei in stúdzjeskuld fan 20.000 euro sil mei it nije taryf goed 500 euro yn it jier oan rinte betelje moatte.
Benammen foar studinten dy't ûnder it lienstelsel falle, is dit in tsjinslach. Sy krigen de lêste jierren gjin basisbeurs en moatte no mear rinte betelje oer harren lienbedrach. Ald-studinten mei in stúdzjeliening ha in rintefêste perioade fan fiif jier. As dy ôfrint, moatte sy de nije rinte betelje.
De stúdzjeskuld sil fan jannewaris ôf wol minder swier meirekkene wurde yn de oanfraach fan in hypoteek.