Fryske gemeenten wrakselje mei omgong mei enerzjytaslach
Fryske gemeenten geane ferskillend om mei it jaan fan de enerzjytaslach. Ferline jier koenen minima 1.300 euro krije. Dy regeling is der foar dit jier noch net. Guon gemeenten jouwe dêrom in foarskot.
Dat it folsleine bedrach net útbetelle wurdt, hat te krijen mei wetjouwing. Yn de Twadde Keamer moat in útstel dêroer noch behannele wurde. Dat wurdt nei alle gedachten foar de simmer dien. Gemeenten ha dêrom fan it ministearje opdracht krigen de hân op de knip te hâlden. In foarskot jaan mei al wol.
"Zo snel mogelijk naar de mensen die het nodig hebben"
De gemeenten Ljouwert en ûnder oare ek Súdwest- en Noardeast-Fryslân ha in foarskot fan 500 euro oermakke. "Wij willen het zo snel mogelijk doorsluizen naar de mensen die het nodig hebben", seit wethâlder Hein Kuiken fan Ljouwert. "De rest wilden we dan in maart doen, maar we moeten op de rem trappen. Het mag pas als de wet er ligt."
Der binne grutte ferskillen de gemeente. In oantal ha al in foarskot útbetelle, oaren lykas Eaststellingwerf, Opsterlân en Hearrenfean meitsje yn maart in earste bedrach oer.
Kuiken fan Ljouwert: "Het Rijk gaf de mogelijkheid tot versnelde uitbetaling. Dat vergroot de eenduidigheid niet. Er is ook door sommigen een plus op gezet. Ook dat verschilt per gemeente."
Ljouwert hat dat al dien, krekt lykas Noardeast en Súdwest. It hâldt yn dat minsken dy't bygelyks 30 persint mear fertsjinje as it minimumlean ek yn oanmerking komme foar finansjele help. Der is al ôfpraat dat, mochten de regels oanpast wurde, it foarskot net werombetelle hoecht te wurden.
Grut ferlet
Der is grut ferlet fan de taslach. Sa wie it berik yn de gemeente Ljouwert 95 persint. Dat sjogge se ek yn Súdwest-Fryslân. Dêr giet in spesjaal team fan 'SWF Tichtby' op paad nei doarpshuzen en wyksintra om minsken te helpen by in oanfraach.
Jacob de Goot is ien fan de minsken dy't helpt: "We hienen yn in moanne tiid folle mear oanfragen as we ferwachte hienen. It ferlet is echt grut. Dat sjogge wy dúdlik."
No giet it earst noch om de oanfraach oer 2022. Dêr lizze noch in soad fan, seit De Groot. "En as we mear witte oer dy fan 2023, gean we dêr mei fierder."