Súdwest wreidet enerzjytaslach út nei krekt wat hegere ynkommens en studinten

Gemeenteloket it Súdwesthûs yn Snits © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Gemeente Súdwest-Fryslân ferrommet de groep ynwenners dy't rjocht hat op enerzjytaslach. Oant no ta wie de regeling foar lju dy't maksimaal 120 persint fan it minimumlean fertsjinje, mar dat wurdt oprutsen.
Ynwenners dy't tusken de 120 en 130 persint fan it sosjaal minimum fertsjinje, krije no de helte fan de taslach (dat komt del op ien kear 650 euro). Ynwenners mei in ynkommen tusken de 130 en 140 persint fan it minimumlean kinne 325 euro krije foar ien kear.
Fierder kinne ek studinten oanspraak meitsje op de taslach, mits sy selsstannich wenje.
Enerzjytaslach © ANP Foto
De oanfragen fan ynwenners dy't earder ôfwiisd binne om't sy krekt tefolle fertsjinnen, wurde no op 'e nij beoardiele. Sy hoege net wer in oanfraach te dwaan en krije fansels in brief fan de gemeente.

1,16 miljoen

De gemeente lûkt yn totaal 1,16 miljoen euro út foar it oprekken fan de regeling. "Dit raakt steeds meer inwoners. Niet alleen de huishoudens met een inkomen op of rond bijstandsniveau worden extra hard getroffen, maar ook de huishoudens met een inkomen net daarboven", sa ferklearre wethâlder Marianne Poelman.
Om ynwenners te wizen op de taslach is de kampanje SWF Tichtby opset, dêr't fia besiten oan doarpen, sosjale media en flyers de taslach bekend makke wurdt.