Earmoed te liif: Ljouwert wol miljoenen frijmeitsje om sport en kultuer betelber te meitsjen

STOCK_basketbal
Minsken oan it basketbaljen © Unsplash
De gemeente Ljouwert wol miljoenen stekke yn in earmoedregeling foar folwoeksenen. De regeling foar minima is bedoeld om it lidmaatskip fan in sportklup, kultuerferiening of biblioteek te fergoedzjen.
Ljouwert wol him derfoar oanslute by it Volwassenenfonds. Dat is in stichting dy't dit foar gemeenten regelet en dêr't hieltyd mear gemeenten har no by oanslute, fertelt wethâlder Hein Kuiken fan de gemeente Ljouwert.
"Het betekent dat wanneer de gemeenteraad daar akkoord mee gaat, we tegen de zomer van 2024 ook volwassenen kunnen helpen bij het bekostigen van een sport- of cultuurlidmaatschap." Foar bern bestiet sa'n regeling yn de gemeente al.
Neffens Kuiken hat it fûns goede kontakten mei ferieningen en wurdt de fergoeding achter de skermen regele. Oare leden komme net te witten dat it lidmaatskip fia it fûns betelle is. "Zij regelen aan de achterkant, niet stigmatiserend, dat de kosten van zo'n lidmaatschap betaald worden."

Lidmaatskip te djoer

"We weten dat de laatste jaren een hele boel mensen afhaken omdat ze het niet meer kunnen betalen", seit de wethâlder. In sport- of oar lidmaatskip is neffens de wethâlder ien fan de earste saken dêr't minsken op besparje at se krap sitte.
polityk pvda
Hein Kuiken, wethâlder yn de gemeente Ljouwert © Omrop Fryslân
"Mensen kunnen niet meer sporten, mensen vereenzamen. Daar kunnen we met deze regeling iets mee doen. Als je ook kijkt naar het gezondheidsbeleid, we willen ook dat mensen fit door het leven gaan. Dan moet het wel mogelijk zijn dat mensen sporten."
It giet om in maksimale fergoeding fan 300 euro yn it jier. Minsken krije gjin sinten, mar kinne fia it Volwassenenfonds fuortendaalks in lidmaatskip fergoede krije. "Spullen als voetbalschoenen of een instrument kun je ook betaald krijgen."

Finansjele romte

Kuiken is der wiis mei dat de gemeente lang om let romte hat om sa'n inisjatyf foar de minima op te setten. Lange tiid wie dy romte der net. "De laatste jaren gaat het financieel iets beter met de gemeente. De sociale ambities van deze coalitie en het college, die kunnen nu eindelijk financieel gematcht worden. Dat is wel historisch."
Neffens de wethâlder moat foar de regeling om ende by in miljoen yn it jier útlutsen wurde. Yn jannewaris wurdt it útstel yn de gemeenteried behannele.