Guon groepen driigje yn Fryslân bûten de boat te fallen: "Ynklusiviteit is in tiidwurd"

Truus de Witte fan Planbureau Fryslân © Omrop Fryslân
Guon groepen yn Fryslân driigje bûten de boat te fallen of ôf te heakjen. Dat konkludearret it Planbureau Fryslân yn in rapport oer de 'ynklusive mienskip.' "Wy moatte lyts begjinne om de mienskip ynklusiver te krijen."
Yn Fryslân sizze seis fan de tsien minsken dat sy maklik mei eltsenien omgean kinne. Ek is ús provinsje lanlik kampioen frijwilligerswurk, 44 persint fan de 15-plussers hat in net betelle (by)baan. Al is dat tal wol nei ûnderen gien.
Dochs is der noch hiel wat wurk te fersetten om ús mienskip ynklusiver te krijen, seit Planbureau Fryslân nei oanlieding fan in wiidweidich ûndersyk. "As we yn Fryslân stribje wolle nei in ynklusive mienskip, dan sille we dêr allegearre oan wurkje moatte. Ynklusiviteit is in tiidwurd."
Sa is it tal jongelju dat iensum is, tanaam en wurdt it tal mooglike mantelsoargers de âldere de kommende jierren lytser: fan 14 nei 6, of sels 5 yn krimpgebieten. It Planbureau sjocht ek nei migranten, minsken dy't muoite hawwe mei lêze en skriuwe en de ûntwikkeling fan it tal frijwilligers.

Mear âlderein, minder wurkjenden

Planbureau Fryslân docht al jierren ûndersyk nei ynklusiviteit, mar hat de ôfrûne jierren wurke oan in programmaline dy't no ôfsletten is.
"Der komt hiel wat op ús ôf. We stean foar in hiele grutte útdaging", seit Truus de Witte, ûndersiker by it Planbureau Fryslân. "We krije de kommende 20 jier mear âlderen, mar minder wurkjenden."
Om belutsenheid te kreëarjen, moatte je lyts begjinne.
Truus de Witte, ûndersiker Planbureau Fryslân
De ûndersikers hawwe mei ynstânsjes sjoen nei wat der nedich is om in belutsen mienskip te hâlden yn 2040. "De útdagingen lizze op allegear gebieten, tink oan wenningbou, soarch, sûnens en beweging, mar ek oan it tal frijwilligers. Dat nimt ôf."

Lyts begjinne

De oplossing? Moetingen. "Om belutsenheid te kreëarjen, moatte je lyts begjinne", seit De Witte. "In sosjale basis komt allinnich út belutsenheid wei. Dy sosjale basis fine we by lokale organisaasjes. Tink oan Doarpswurk."
Doarpswurk is dan ek ien fan de ynstânsjes dy't meiwurke oan de programmaline. Yn de doarpen fine je bygelyks in doarpstún of in grientetún of der wurdt in barbekjû organisearre. "Hjir snijt it mes ek nochris oan twa kanten, want der is ferbining en der wurdt sûn iten."
In pluktún yn Easterwâlde foar minsken mei in lytse beurs, in inisjatyf rjochting in ynklusive mienskip © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Foarbylden dêrfan binne bygelyks de selspluktunen foar minsken mei in lytse beurs. Dat tal groeit. De tunen binne der foar minsken dy't net in soad te besteegjen hawwe, mar se leverje ek oan de Voedselbank.

Steapeling

It is neffens De Witte wichtich om de ynklusiviteit yn kaart te bringen. "We sjogge hieltyd faker krantekoppen mei krisissen op watfoar mêd dan ek; earmoed, personielstekoarten, oergewicht, te min bewege."
De Witte beklammet dat it krekt wichtich is de steapeling fan faktoaren mei te nimmen yn sa'n ûndersyk. "Dêrom binne der 20 ûndersiken dien mei persoanlike ferhalen. Fan in mantelsoarger oant in migrantefrou."