Earmoed yn byld brocht: "Dit makket in protte yndruk"

It tal minsken dat yn earmoed libbet, is de ôfrûne tiid tanommen. Minsken en ynstellings dy't dêr wat tsjin dwaan wolle, witte net altyd goed hoe. Se krigen help yn Sint Jabik op de 'Dag van de Armoede'.
Dat waard dien troch minsken earst fiele te litten mei watfoar dilemma's je sawat deistich te krijen ha as je elts dûbeltsje omdraaie moate. Dat barde troch fjouwer dilemma's nei te spyljen.
Op in ynformaasjemerk mei besteande inisjativen foar earmoedbestriding koene minsken dêrnei ynspiraasje opdwaan of help krije by it berikken fan minsken yn earmoede.
Bydrage leverje
De dei waard organisearre troch in boargerplatfoarm en de tsjerken, sa leit opbouwurker Silvia Stavleu út. Earmoed echt de wrâld úthelpe, liket op dizze skaal ûnmooglik, jout se ta.
"Wy wolle net beslist in oplossing sykje tsjin earmoed. Mar wy wolle de minsken yn de doarpen en wiken sjen litte hoe't se in bydrage leverje kinne foar bygelyks de buorman dy't yn earmoed libbet. En minsken útdage."
By de diakony fan de PKN-tsjerke yn Berltsum binne se al dwaande mei dy helpferliening. It is lykwols net altyd maklik om dy help teplak te krijen, fynt foarsitter Thea Cramer.
"Ik prate krekt mei in frou dy't de voedselbank en de dielkast brûkt en dy frege hoe't sy by in tsjerke kaam, wylst sy dêr fierder neat mei hie. Mar dat is foar ús like goed sa. Hoe komme wy yn kontakt mei minsken dy't yn earmoed libje?"
"Protte yndruk makke"
Sy wie ek yn de fjouwer keamers dêr't dilemma's fan minsken yn earmoed ferbylde waarden. "Dat hat in hiele protte yndruk makke", seit Cramer.
Op de ynformaasjemerk komme minsken inisjativen tsjin dy't dat al helpe. Ien dêrfan is de stichting Present, dy't besiket in skeakel te wêzen tusken dy partijen.
"Ik ha hjoed mei in hiel soad organisaasjes prate kinnen, lykas it gebietsteam en de tsjerken", seit Anja Schilder fan Present. "Oan de iene kant is der help, bygelyks troch de tsjerke. En by it gebietsteam binne der minsken dy't help nedich ha. Wy ferbine dy partijen mei elkoar."