Ynflaasje te fernimmen yn Fryslân: hast tachtichtûzen Friezen kinne dreech rûnkomme

Kontant jild © Shutterstock.com (PhotoJuli86)
Hast tachtichtûzen Friezen fine it dreech om rûn te kommen. Yn Súdeast-Fryslân binne de measte minsken dy't oanjouwe it finansjeel dreech te hawwen.
Dat docht bliken út de Regionale Monitor Brede Welvaart fan it Planbureau Fryslân.
Oer hiel Fryslân sjoen hat fyftjin prosint fan de Friezen it finansjeel swier hân yn 2022. Dat komt del op hast tachtichtûzen minsken. Dat is in soad mear as twa jier lyn, doe't alve prosint oanjoech net goed rûnkomme te kinnen.
Dat it no safolle mear minsken binne, hat te krijen mei de ynflaasje. Dêrtroch binne it libbensûnderhâld en de enerzjykosten in stik djoerder wurden.
De grutste klappen lykje te fallen yn Ljouwert en yn it súdeasten fan de provinsje. Yn beide regio's jout hast ien op de fiif minsken (18%) oan dreech rûnkomme te kinnen. Yn it súdeasten is dit oantal yn de ôfrûne twa jier it meast omheech gien. Yn 2020 joech mar tolve prosint dit oan.
Wêrom't it benammen yn Ljouwert en it súdeasten sa bot tanimt, is dreech te ferklearjen, seit Jesse David Marinus fan Planbureau Fryslân. "We sjogge wol dat der spesifike groepen binne dy't it dreech ha: dan giet it om jongerein, âlderein en minsken mei grutte, âldere wenningen. Dêr is de enerzjylêst faak heech."
Dêr hat it planburo ek nei sjoen. Dan giet it om de fraach oft der sprake is fan in 'hoge energiequote'. Dat betsjut dat der mear as tsien prosint fan it ynkommen bestege wurdt oan de enerzjyrekken. Dêrút komt dat yn sawol it noard- as súdeasten fan de provinsje in soad húshâldens in protte betelje foar harren enerzjy.
"As je it ferlykje mei Nederlân, bliuwt Fryslân achter op ekonomysk mêd", seit Marinus. "Dat seagen we earder ek al, mar de trend wurdt no dúdliker. Dat komt foaral troch de enerzjykrisis."
Mar 'brede wolfeart', it tema fan it ûndersyk, giet net allinnich om jild. "Alles hat mei-elkoar te krijen, it moat yn balâns wêze. En yn Fryslân giet it op sosjaal mêd noch altyd goed: minsken binne tefreden mei har libben, de mentale sûnens is goed en der binne in soad minsken dy't frijwilligerswurk dogge."

Under druk

Dat stiet wol ûnder druk, warskôget Marinus. "We binne mei dy sosjale kant noch it bêste fan Nederlân, mar it giet wol wat nei ûnderen. We moatte soargje dat we dat wol behâlde."
Ien fan de redenen dat it ûnder druk stiet, is it ferdwinen fan foarsjenningen. Ek de striid om de romte soarget foar spanning: der is fraach om mear natuer, romte foar lânbou, genôch hûzen, plakken foar duorsume enerzjy én lokaasjes foar yndustry en ynfrastruktuer.

Weststellingwerf

Gearwurkingen klean - en itensbank Nanette Hogeling fan gemeente Weststellingwerf fernuveret him net oer de sifers. " Het is niet voor niks dat we samenwerken met de klean - en voedselbank en de bibliotheek ", fertelt Hogeling. " Guon ynstânsjes ûntfange subsydzje fan de gemeente. "
We wolle graach dat sy witte dat der bygelyks menstruaasje-útjeftepunten binne.
Nanette Hogeling, fan gemeente Westellingwerf
De kommende tiid giet Weststellingwerf oan de slach om mear minsken te berikken dy't it finansjeel swier hawwe. "We wolle graach dat sy witte dat der bygelyks menstruaasje-útgiftepunten binne. In leechdrompelige wize om minsken fergees produkten oan te bieden. Dizze fynst ûnder oare by de húskes yn de biblioteek en it gemeentehûs."
Neffens Hogeling hearsket der by in part fan dizze groep skamte. "En beskiedenheid. Sa fan, 'we losse it sels op en wolle de hân net ophâlde'. Mar men moat witte dat wy se graach stypje en help oanbiede."

Ferantwurding

Yn oanfolling op sifers fan de regionale CBS-monitor Brede Welvaart bringt dit rapport in breder byld mei relevante Fryske sifers. By in soad tema's binne ekstra CBS-sifers taheakke dy't yn eardere analyzes fan brede wolfeart noch net meinaam binne, sa as sifers oer earmoed.
Dêrneist is der data fan it Panel Fryslân taheakke om mear ynsjoch te jaan yn it perspektyf fan ynwenners by de tema's. De eilannen en Ljouwert binne yn it rapport net meinaam.