Proef autolije binnenstêd Snits giet hast yn, ek al binne der soargen

De binnenstêd fan Snits moat autolij wurde
De binnenstêd fan Snits moat autolij wurde © Omrop Fryslân
Noch in lytse trije wiken en de binnenstêd fan Snits wurdt in stik stiller, sûnder brommende auto's. Mar net eltsenien is lykwols bliid mei it plan om as proef in jier lang de binnenstêd autolij te meitsjen.
Fan 2 jannewaris ôf kin allinnich noch bestimmingsferkear tusken 12.00 oere en 18.00 oere de binnenstêd yn. In groep ûndernimmers en ynwenners is huverich foar de proef fan de gemeente.
"Het gaat om onze broodwinning", seit Theo van Wamel. Hy is foarsitter fan de Werkgroep Bereikbaarheid Binnenstad Sneek (WBBS) en eigener fan in iiswinkel. Guon ûndernimmers binne benaud dat der minder klanten delkomme sille.
Theo van Wamel
Theo van Wamel © Omrop Fryslân
"Het gezin of voetbalteam dat op de terugweg van een wedstrijd even een ijsje wil halen, die gaat niet eerst elders verderop parkeren en dan de binnenstad doorlopen", seit Van Wamel.
Ek neamt er it foarbyld fan in thússoarchorganisaasje dy't net wit oft se wol mei har apparatuer by de pasjinten komme kin.
De gemeente seit de soargen te begripen mar seit ek dat de proef hiel sekuer bepraat is mei alle belutsenen. "De meeste thuiszorgsituaties hebben aan tafel gezeten en daar hebben we afspraken mee gemaakt", seit wethâlder Michel Rietman fan Súdwest-Fryslân. "Die maken zich geen zorgen."
De punten dy't daliks net mear foar trochgeand ferkear tagonklik binne
De punten dy't daliks net mear foar trochgeand ferkear tagonklik binne © Gemeente Súdwest-Fryslân
Van Wamel tinkt dat benammen de lytse ûndernimmers net heard wurde. De gemeente is neffens him allinnich yn petear mei Vereniging Ondernemen Sneek (VOS).
"We worden niet gezien als gesprekspartner voor de gemeente. VOS heeft aangegeven dat er geen bezwaren zijn vanuit de ondernemers. We hebben gevraagd om een informatieavond maar daar hadden ze geen tijd voor."

Wol of gjin petearen west?

Doe hat de WBBS sels mar in ynformaasjejûn organisearre. Dêr kamen nei eigen sizzen 130 minsken op ôf dy't ek soargen hiene.
Wethâlder Michel Rietman
Wethâlder Michel Rietman © Omrop Fryslân
Rietman seit just al yn april en maaie fan dit jier mei dizze groep ûndernimmers petearen hân te hawwen. "Er is toen gezegd: zorg voor drie dingen. Ten eerste dat alles bereikbaar blijft. Dat blijft ook zo, bestemmingsverkeer kan er gewoon komen."
"Zorg ten tweede voor voldoende parkeerplekken, dat is ook zo: we hebben er 150 toegevoegd. En zorg voor goede bebording zodat klanten weten waar ze heen moeten. Ook daarachter staat een vinkje."
De binnenstêd fan Snits
De binnenstêd fan Snits © Omrop Fryslân
Van Wamel soe dochs it leafst sjen dat de hele proef stopset wurdt of útsteld.
"Pak het eerst van buiten naar binnen aan, Dat de bebording op orde komt. Verdeel de stromen waar mensen de stad inkomen. Ook kunnen er meer belemmerende maatregelen komen voor het doorgaande verkeer. Als je dat op orde hebt, krijg je al een hele andere drukte in de binnenstad."
Dochs stiet it beslút fan de proef al fêst, seit Michel Rietman. Foar, ûnder en nei de proef sil de gemeente ferkearsmjittingen dwaan. Undernimmers mjitte de konsumintestreamingen. "Als we dat bij elkaar brengen hebben we een goed beeld wat het effect is."