Organisaasje wol autolije binnenstêd yn de Snitswike
As it oan de organisaasje fan de Snitswike leit, dan ride der dizze edysje gjin auto's yn de binnenstêd fan Snits. It is ien fan de plannen fan de nije Stichting Sneekweek, dy't moandeitemoarn in fergunningsoanfraach by de gemeente Súdwest-Fryslân yntsjinne.
"Ik ben ook verantwoordelijk voor de organisatie van bijvoorbeeld het TT Festival en het Racefestival Zandvoort", seit direkteur Sander ten Bosch. "Voor mij was het volledig nieuw dat auto's en publiek dwars door elkaar heen gingen."
Gemeente docht al in proef
Oft de gemeente akkoart giet mei de oanfraach, sil de tiid útwize moatte. Wethalder Michel Rietman wol noch net op de saken foarútrinne. "We gaan bestuderen hoe ze ertegen aankijken. Dan zullen we er vervolgens wat van gaan vinden."
Organisaasje wol autolije binnenstêd yn de Snitswike
De Snitswike is dit jier fan 4 oant en mei 10 augustus. De gemeente Súdwest-Fryslân makke earder al bekend in pear wiken dêrnei útein te setten mei in proef foar it autolij meitsjen fan de binnenstêd. De Prins Hendrikkade, de Singel en de Harinxmakade binne fan oktober ôf in jier lang ôfsletten foar trochgeand ferkear.
Stichting Sneekweek
It is foar it earst dat de fergunning foar de Snitswike yntsjinne wurdt troch de Stichting Sneekweek. Dy organisaasje waard ferline jier oprjochte mei it doel om it feest takomstbestindich te meitsjen.
De stichting seit dat de Snitswike wer in echt famyljefeest wurde moat. "Dat is de afgelopen jaren wel een beetje uit het lood geslagen", seit foarsitter Marc Visch. De organisaasje wol dat der mear bining komt tusken de silerij op de Snitser Mar en it festival yn de binnenstêd. "Want dat zeilen is iets dat jong en oud bindt."