Snits fan oktober ôf autolij: gemeente wol it trochgeande ferkear út it sintrum wei

De Prins Hendrikkade yn Snits © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Snits hat fan oktober ôf in jier lang in autolije binnenstêd. Tusken 12.00 en 18.00 oere binne de Prins Hendrikkade, de Singel en de Harinxmakade ôfsletten foar trochgeand ferkear. De maatregels binne ûnderdiel fan in proef fan Súdwest-Fryslân.
De gemeente makke dit bekend yn it plan fan oanpak. Op dit stuit is de binnenstêd fierstente drok, sa falt der te lêzen. "We willen een aantrekkelijkere binnenstad waar iedereen graag komt", seit Michel Rietman, wethâlder Mobiliteit. "Ruimte om het mooier te maken is er nu niet. Dat komt omdat er te veel doorgaand verkeer is."

Flitspeallen

Wenningen, winkels en parkearplakken bliuwe wol berikber. Fierder binne de trije gebieten it kommende jier wol tagonklik foar it iepenbier ferfier en helptsjinsten.
It giet der benammen om dat de gemeente ferkear dat fan de iene kant fan de stêd nei de oare kant wol, net mear de rûte troch de binnenstêd kieze litte wol. Automobilisten dy't dochs troch de Prins Hendrikkade, de Singel of de Harinxmakade ride, wurde flitst.
De ferkearspunten dêr't aanst kamera's pleatst wurde © Gemeente Súdwest-Fryslân
Yn de rin fan de jierren naam de gemeente ferskate maatregels om it ferkear werom te bringen. Resultaat bleau lykwols út.
Sa is de Prins Hendrikkade in pear jier lyn op 'e nij ynrjochte. En ek de Lemmerweg hat in werynrjochting krigen, wêrtroch't der mear romte is foar fytsers. "Er werd vervolgens minder hard gereden, maar er komen nog steeds te veel voertuigen door het centrum", seit Rietman.
De gemeente bliuwt de situaasje monitoarjen en sil wêr nedich de proef bystjoere.