Henk Kroes hat noed oer it iis, mar noch mear oer it klimaat
Henk Kroes sammelet redens foar de hiele famylje yn ien grutte bak. Ofrûne winter kamen se wer foar it ljocht. Mar de âld-foarsitter fan de Alvestêdeferiening sjocht ek dat syn pakesizzers mar in bytsje ride kinne. "It stiet fierder fan harren ôf, it sit der net mear sa yn."
It docht Kroes sear. Yn FryslânDOK IISFRIJ fan Wendy Kennedy sprekt hy him foar it earst frij út oer it klimaat. Want dêr makket hy him grutte soargen oer. En net allinnich fanwegen it iis en de Alvestêdetocht. Kroes fielt him tige ferbûn mei de natoer.
"Ierde ek gunne oan oaren"
De lêste jierren binne de gefolgen fan it feroarjende klimaat oer de hiele wrâld te sjen. Hy neamt de flechtlingen dy't op drift binne om't har eigen wenplak net mear bewenber is.
Dan wiist er nei ús as bewenners fan in lân dat it goed hat. "Us lytse stikje ierde sille we ek gunne moatte oan oaren."
Kroes sjocht dat de ferhalen oer de Alvestêdetocht, dy't hy graach fertelt, foar de bern skiednis is. Hy wol ek fertelle wêrom't se skiednis binne: klimaatferoaring. Dat fenomeen sjocht ús rjocht yn it gesicht, sa seit Kroes.
En dêrom moatte bern der ek by belutsen wurde. "Want de nije generaasje sil it stjoer nimme moatte om hjir wat oan te dwaan. Foar harsels en harren bern."
Beskuldigjende finger
Dêrby hat hy begryp foar de beskuldigjende finger fan de jeugd dy't nei Kroes syn generaasje wiist: jim hawwe ús dizze problemen neilitten.
Hoe pakke we dit no oan? Kroes fynt it in tige boeiende fraach. "Binne wy yn steat om klimaatferoaring yn de hân te hâlden en behearsber te meitsjen?"
Gauris, seit Kroes, binne we sa mei de lytse problemen dwaande dat we it grutte ferhaal ferjitte. Bygelyks it probleem fan de stikstof, dat alle oandacht opeasket, wylst de problemen folle grutter binne.
Kroes fielt dat hy sels ek ferantwurdlik is. Hy freget him ôf wat hy dwaan kin om it gruttere gehiel te beynfloedzjen.
Hy tinkt net dat 'de tocht' ea noch komt. Al soe er it "hiel graach nochris in kear meimeitsje wolle."
FryslânDOK IISFRIJ
Op NPO2- snein 1 oktober om 13.20 oere.
Op Omrop Fryslân op snein 1 oktober fan 17.00 oere ôf elts hiele oere.