Omrop Fryslân

Komt er ea werom? 'IIsfrij' siket de magy fan de Alvestêdetocht

Wille op natueriis
© Omrop Fryslân
Troch mylde winters slinke de kânsen op in Alvestêdetocht. In romroft stik Fryske kultuer soe sa ferlern gean. Mar wat makket dizze tocht sa magysk? Programmamakker Wendy Kennedy siket it út yn de FryslânDOK 'IIsfrij'. Te sjen op 30 septimber en 1 oktober op NPO2 en Omrop Fryslân.
Snie en beferzen sleatten en marren hearden standert by de winter, mar dat byld wurdt hieltyd seldsumer. In soad Friezen tinke dêrtroch mei weemoed oan de Alvestêdetocht.
In nije tocht liket dan ek fiere takomstmuzyk te wêzen. As er al weromkomt. Wat docht dat ferlies fan net inkeld in natuerferskynsel, mar ek fan in stikje kultuer en in bysûnder gefoel mei ús?

Noch nea op natueriis

It sette Wendy Kennedy oan it tinken. Mei har dochter fan seis giet se faak te riden yn de Elfstedenhal yn Ljouwert. Binnen dus. Har dochter hat noch nea op natueriis stien, wylst Wendy as bern in soad bûten op it iis te finen wie. Is yn in hal ride de takomst fan it reedriden?
Repetysje fan musical De Tocht
© Omrop Fryslân
Mar dat jout fansels in hiel oar gefoel as echt bûten op it iis te stean. Inisjatyfnimmers fan musical De Tocht wrakselje dêr ek mei. Op 1 oktober giet de musical oer de Alvestêdetocht yn premjêre yn Ljouwert, yn in spesjaal boud teäter.
Betinkers Foppe van der Veen en Madelène van Beuzekom hoopje it spesjale Alvestêdetochtgefoel sa libben te hâlden foar jonge generaasjes.
Alvestêdetocht
© Omrop Fryslân
Want de fraach is oft de 'tocht der tochten' oait wer komme sil. Henk Kroes makke as foarsitter fan de Alvestêdeferiening de lêste organisearre Alvestêdetocht mei, yn 1997. Hy hat noed oer de klimaatferoaringen en hoe't de minske mei de ierde omgiet.
Kroes fertelt faak oer de Alvestêdetocht oan jongere minsken dy't it net meimakke hawwe. Underwilens hat er syn ferhaal oanpast nei wêrom't de tocht sa lang net mear holden is.
"En wat sille jimme deroan dwaan? Wat sille jimme jim bern fertelle?" Hy hopet dat de tocht ea noch komme sil, mar hy hat der in hurde holle yn.

Magy

Dochs bliuwt it lestich om dit ferlies te akseptearjen: de magy fan de Alvestêdetocht lûkt noch altyd, ûnderfynt Reitze Woudstra. As rayonhaad by de Alvestêdeferiening riedt er him alle jierren wer ta op de tocht. Miskien wol tsjin better witten yn.
FryslânDOK 'IIsfrij'
Sneon 30 septimber 15.30 oere NPO2 (werhelling snein 1 oktober 13.25 oere)
Snein 1 oktober Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.