Thijs Meester fan musical De Tocht: "Ik wie it sjongende jonkje op de fyts"

Thijs Meester hat as poppespiler in Europeeske priis wûn, is sjonger en akteur. Oant takom jier juny stiet er yn Ljouwert as akteur net op de planken, mar op de iisbaan yn De Tocht.
De sjoggers fan Omrop Fryslân Telefyzje kenne Thijs Meester (1959) miskien fan de poppesearje Kening Hert en Harry Hazze. It programma wûn yn 2017 de Europeeske telefyzjepriis Prix Circom Regional Award.
Brecht Wassenaar mei Harry Hazze en Thijs Meester mei Kening Hert © Omrop Fryslân
De kommende acht moannen is er te sjen yn de musical De Tocht dy't op snein 1 oktober yn premjêre giet. Hy hat in kontrakt oant juny 2024. Hy spilet dêryn Jelmer, in rol dy't ticht by himsels stiet: in nuchtere Fries mei in grutte bek en in lyts hertsje dy't de kat út de beam sjocht.
Minsken tinke faak dat De Tocht oer de Alvestêdetocht fan 1963 giet, fertelt Meester. Dat is net sa. It giet oer in tocht dy't noch komme moat. Fiif freonen hawwe ôfpraat dat, as der wer in Alvestêdetocht komt, se dy mei-inoar ride sille.
Jelmer is ien fan harren. Hy is wat in hakkenkruk yn it reedriden. Oft it no sa ferstannich is dat er de Tocht rydt, sil bliken dwaan yn de musical. Thijs hie fan natuere ek gjin slach fan it reedriden. Foar de rol moast er op les en dus gie er nei de Sven Kramer Akademy op It Hearrenfean.

Nandie van Beurden

Yn de musical binne ferhalen oer de Alvestêdetocht ferwurke. Tritich akteurs stean op de baan. Nandie van Beurden is ien fan harren. Om de massaliteit sjen te litten binne der boppedat ek noch tritich meiridende figuranten.
© Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Meester hat earder yn tal fan produksjes spile, lyts en grut. Under dy lêste kategory falt it iepenloftspul it Kollumer Oproer. Mei folle bak wiene dêr sawat 1400 besikers, rûst er. De Tocht is mei 1500 minsken útferkocht. Mar dit is wol totaal oars, mei ljocht en lûd. En it is hjir ek nochris hiel wichtich datst presys op it goede plak bist.

Poadium is draaiende iisbaan

Dat komt ek trochdat de foarstelling plakhat op in draaiende ring fan iis. De akteurs ride dêrop. Soms giet de baan frij hurd. Se moatte ek wolris tsjin de draairjochting yn ride. En dan ek noch sjonge en spylje.

Muzikaal

Thijs is muzikaal. Hy komt út in húshâlding mei ferskillende muzyksmaken. Hy is opgroeid mei Corrie en De Rekels en Freddy Quinn, syn suster siet yn de soul en syn jongere broerke kaam mei ska. Sels is Thijs wei fan artysten lykas Aretha Franklin en Sam and Dave.

Wêr komt er wei?

Syn heit komt fan De Tynje en syn mem fan Ljouwert. Se hawwe wenne yn Ljouwert en op Barrahûs, in streekje huzen súdlik fan Ljouwert net fier fan Wurdum. Doe't er in jier of 6 wie, binne se ferhuze nei Kollum fanwege it wurk fan syn heit.
Kollum wie ek it plak dêr't Thijs nei de middelbere skoalle gie. Op syn 17de is er wer nei Ljouwert ferhuze.
Ik wie it sjongende jonkje op de fyts.
Thijs Meester oer hoe't er bekend stie
As jonkje die er al oan toaniel. It siet gewoan yn him. Hy hie de haadrol yn de musical op de legere skoalle en op de fyts siet er te sjongen: "As se my net seagen, dan hearden se my wol. It wie it sjongende jonkje op de fyts."
Graach hie er nei de toanielskoalle of de Kleinkunstacademie ta wollen, mar dat koe net. Doe hat er syn ûnderfining mar opdien by it amateurtoaniel. Hy folge workshops en gong in soad nei foarstellings. Sjen hoe't oaren it diene en it dan sels besykje.

Ut de kast

Dat er toanieloplieding net dwaan koe, hie in reden. Op syn 17de kaam er út de kast. Syn wenplak Kollum wie doe hiel kristlik. Syn âlden wiene net fan de tsjerke, mar dochs koe syn heit neat mei syn coming-out wurde. Wat soene de buorlju der wol net fan sizze? Thijs moast fuort en ferhuze nei Ljouwert. "Wurkje en knokke om te oerlibjen."
Hy hat nea in goede bân hân mei syn heit. Trije jier lang hat er syn heit net sjoen oant er besleat ûnoankundige nei it âlderlik hûs te gean. "Der siet er oan de keukentafel. Ik sei: Ik tink dat wy mar ris efkes prate moatte." Dat waard in dreech petear, mar it kontakt wie der wer.

Maatskippij ferhurdet

Meester is net bliid mei de ûntjouwings yn de maatskippij. Dy is folle konservativer en preutser wurden. "Wy binne werom by ôf. De opboude frijheid en akseptaasje is der net mear."
Hy is bliid dat er yn Ljouwert wennet, en net yn Amsterdam. Ast dêr dyn partner by de hân hast, kinst der donder op sizze datst opmerkings krigest.

Melting pot

It soe moai wêze as de wrâld der sa útsjen soe lykas de jierren-'70-popgroep Blue Mink besong yn 'Melting pot'. Allegearre kleuren, en we sjogge wol wat derút komt. No wurde minsken yn hokjes treaun. Nim no medikaasje. De maatskippij is rjochte op de wite hetero-man. By medisinen is dat de noarm, wylst froulju in hiel oar liif hawwe.
Foarhinne gie it op jierdeis mei praterij soms wolris hurd tsjin hurd. De minsken respektearren inoar doe wol en dat is no net mear sa. "Ast do it net mei my iens bist, dan bist tsjin my. Sa wurdt no tocht. "
Thijs Meester op de iisbaan © Omrop Fryslân

Ferskillen falle wei

De Alvestêdetocht is Fryske kultuer en libbet tagelyk ek yn de rest fan Nederlân en eins noch mear yn België, seit Thijs. Yn it riden fan de tocht is elk gelyk, ofst no sjiruch, putsjeskepper of prins fan Oranje bist. De ferskillen falle wei.
En wat die Thijs eins sels mei de lêste Alvestêdetocht? Wêr wie er op dy dei yn 1997? No, hy stie er yn de Grutte Heechstrjitte yn Ljouwert gehakballen en bearenburch te ferkeapjen. Hy wurke yn de hoareka. "We soene eins yn de doariepening dat guod ferkeapje, mar hawwe dy jûn it kafee mar iepensmiten. It wie ien grut feest."

De top 5 fan Thijs Meester

Artyst Nûmer
Harold Melvin & The Blue Notes Don't leave me this way
Teddy Swims Lose control
Robert Long Waarom huil je nou
De Tocht Sjoch my/Zie mij
Willy DeVille When the night falls