Hûnetips fan De Hûnekop-frontman Emiel Stoffers: "It wie hap, en hy liet net mear los"
Emiel Stoffers hat altyd gek mei hûnen west, mar rottweiler Bauke sil er fan syn libben net ferjitte. It is in hiel spesjaal bist.
Dat fertelt de sjonger fan De Hûnekop yn in iepenhertich petear, wêryn't er ek praat oer it âlder wurden en oer de takomst fan syn band. "Sa't it no giet, kinne we noch hiel lang trochgean."
Bauke, ek bekend fan aksjekommeedzje Stjer, is de earste hûn dy't Stoffers sels in opfieding jûn hat. Dat wie net altyd maklik. "Bauke hat in sterk karakter en is tûk. Op in stuit begûn er it mantsje út te hingjen en woe er my bite. Doe moast ik him wol efkes omstean leare."
Emiel jout hûnetips: as earste moatst konsekwint wêze. Ast dyn hûn ropst, moat er fuortendaliks komme. Alle kearen ast ropst en hy komt net, ferswakket dyn kommando. En kinst him net op 'e donder jaan as er úteinlik dochs komt, want dan strafst him foar it by dy kommen.
Bier helje
In positive opfieding. Dat is Emiel syn metoade. Dus net allinnich kommando's jaan, mar ek aardige dingen mei de hûn dwaan. Dan boust in bân op mei it bist. Sa hat er Bauke leard bier te heljen. "Net omdat ik dêr sels te lui foar bin."
Hoe't er dat foarinoar krige hat? Rjochtsje dy hieltyd op simpele dielstapkes en oefenje dy. It begjint mei apportearje, dingen by dy bringe. Dan leare de kuolkast iepen te krijen. Dêrfoar hinget der in doek dêr't de hûn oan skuorre moat. Dêrnei it blikje yn de bek nimme.
"Op in stuit krige Bauke it troch. Soms biet er ek troch en slobbere er it bier fan it stikkene blikje op, hahaha."

Guon hûnen kinne, as se âlder wurde, dwers wurde. Dan wolle se net om lyk, gromme se en litte se de tosken sjen. Op in jûn hie Bauke ien fan Emiel syn kammeraten beet. Se sieten de hiele jûn te praten en de kammeraat aaide de hûn. Syn hân kaam fan de foarkant oer de hûn syn kop hinne.
"Doe wie it hap, en Bauke liet net mear los. Ik tocht: wat sille wy hjir belibje? En haw him witte litten dat soks net winsklik is."
Fjoerwurk
Emiel mei graach yn de psychology fan in hûn dûke. Wêrom docht in hûn wat er docht? Nim no bygelyks fjoerwurk mei âld en nij. Hûnebaaskes soene folle mear dwaan kinne om foar te kommen dat it bist traumatisearre rekket. Kinst in hûn minder bang meitsje troch in cd oan te setten mei fjoerwurklûden ast him iten joust. Alle kearen draaist it folume fan de cd hieltyd wat heger. Dan went de hûn deroan.
Ik sjoch myn frou hast noch minder faak as myn hûn.
De hûn betsjut in soad foar Emiel. Hy hat in soad fan him leard, mar der is ek in emosjonele bân. "Sjochst inoar de hiele dei troch. Ik sjoch myn frou hast noch minder faak as de hûn."
Bauke is no in jier of tsien. Dat wurdt aansen noch wol in dinkje, seit Emiel, want de hûn hat fansels net it ivige libben. Doe't syn foarige hûn deagie, hat er derom gûld. Oan de oare kant: dat se deagean, witst ast in hûn nimst. Ast dêr net oer kinst, moatst der net oan begjinne.

In hûn hat er dus. Mar wol er ek heit wurde? Dat wit Stoffers net: hy is in fjirtiger en hat no eins wol in perfekt libben, fynt er. Boppedat, der binne wol bern yn syn omjouwing. "Dan hoech ik der sels net oan te begjinnen. Mar as de frou tsjin my seit: 'Ik wol graach bern', dan wurkje wy deroan. Ik soe it ek wol wer moai fine, tink ik."
Yn beweging
Emiel is linkelytsen wol wat feroare, ast it ferlikest mei tsien of fyftjin jier ferlyn. Om 'syn bealch' yn kondysje te hâlden, docht er geregeld oan sport. "Dat ferwachtsje minsken miskien net fan my."
Yn it radioprogramma Noardewyn hat presintator Willem de Vries fan moandeis oant en mei tongersdeis 1-op-1-petearen mei minsken út de kulturele wrâld. Harkje tusken 18.00 en 19.00 oere, beharkje it as podcast of besjoch it op YouTube.
Op freeds is Noardewyn Live, it muzikale doarpsplein fan Fryslân, mei allerhanne live-muzyk te hearren tusken 18.00 en 19.00 oere. Dy optredens binne sneontejûns op telefyzje te sjen.
It libben fan alle Hûnekoppers is minder rock-'n-roll as foarhinne. By in festival of yn kroegen wie by de Hûnekopcamper dy't se doe hiene, altyd in afterparty foar de frijwilligers. "Dan diene wy it ljocht út."
No hawwe se in sjauffeur en ien foar de merchandise, ite se gjin knakwoarstbroadsjes mear en gean se jûns altyd wer nei hûs ta.
Minsken tinke dat ik de hiele wike dronken op bêd lis.
Emiel is no ek troud. Hy lit syn trouring sjen. Syn frou is acht jier jonger as hy. Wat it krijen fan bern oanbelanget soe dat dus noch bêst kinne.
"Minsken tinke dat ik de hiele wike dronken op bêd lis, mar ik doch ek noch it management fan de band. Dat is in kantoarbaan. Ik haw it der drok mei, al stean ik leaver op it poadium te spyljen. Miskien dat yn de takomst ien it regelwurk fan my oernimt. Mar sa't it no giet, kinne we noch jierren foarút."
Tinnitus
Wêr't er noch wol mei sit, is in bliuwende piiptoan yn de earen. Spylje mei earbeskerming yn fynt er ferskriklik. Hy kin der net oan wenne. "As wy oardel oere spylje moatte, stean ik oardel oere lang te balen. Want it is net sa't ik it wend bin."
Hy moat beare as hat er it nei 't sin, wylst er ynwendich stiet te flokken. "Mar as ik net lear mei dy doppen yn te spyljen, sil ik ophâlde moatte."
Rûchtrouwers
Emiel brûst fan de ideeën foar de takomst. Sa wol er in âlde limûsine opknappe en dêrmei troupearen ride. 'Ride foar de rûchtrouwers' neamt er it, mei in knypeach nei it nûmer Rûchhouwer fan de band. Minsken sels trouwe liket him ek wol wat. En hy hat in skript skreaun foar in searje.
Mar earst dit wykein: dan is syn band de haadact op it eigen trijedaachske Hûnekopfestival yn Drachten.
De top 3 fan Emiel Stoffers
Artyst | Titel |
1. De Hûnekop | Wy Kam Fram Fryslân |
2. De Hûnekop | Stekpeal |
3. Folgas | Sjoch dy Friezen |