De achtbaan fan de jierren '80 fan rock-'n-roll-sjonger André Sharon út Berltsum

Yn de jierren '80 waard in Fryske jongeman lanlik bekend mei syn rock-'n-roll-sjongstyl en dito moves: André Spaanstra út Berltsum, alias André Sharon. Tsjintwurdich wennet er yn Den Haag en is er noch altyd aktyf yn de muzyk.
Syn mem betocht syn artystenamme Sharon. André kin noch wol Frysk prate, want it is op 't lêst ek de taal dy't er mei syn heit praat. Mar hy fielt him dêr net sa wis yn en dêrom giet er faak oer op it Nederlânsk. Hy wennet sûnt syn 23ste net mear yn Fryslân.

Reedride

André waard berne yn 1968. Wat er noch fan syn jonge jierren yn Berltsum wit? It reedriden winterdeis en de útstapkes simmerdeis nei Warkum. Dêr hie de famylje in boatsje te lizzen. En ek dat er in langspylplaat keapje mocht as er mei syn mem yn de stêd wie.
Syn skoaltiid ferbrocht er op de mavo yn Sint Anne en op de LTS yn Ljouwert, dêr't er ynstallaasjetechnyk die. Mei it diploma yn de bûse hat er koarte tiid oan it wurk west as ynstallateur.

Utgean en optrede

Berltsum wie doe al bekend om de diskoteken Hof van Holland en Sans Souci. De jonge André mocht dêr graach komme, mar ek yn de kroechjes yn Ljouwert. Hy wie gjin rûge jonge, sa seit er.
Letter soe er optrede yn deselde útgeansgelegenheden dêr't er foarhinne kaam as besiker. Op syn 16de song er al op talintejachten. Syn heit ried him der yn de auto hinne as syn roadmanager.
André Sharon © André Sharon
André hie grutte belangstelling foar de muzyk út de jierren '50, '60 en '70. By syn heit en mem thús stie de platespiler yn de keamer en waarden platen draaid fan Johnny Cash, Fats Domino, Ricky Nelson. By de muzikale ynfloeden fan syn jonge jierren hearde ek Elvis Presley, dy't er as jonkje fan in jier of 8 jier playbackte op in talintejacht.

Shakin' Stevens

Yn de jierren '80 rekke André yn de ban fan Shakin' Stevens. Hy like ek wol wat op syn grutte foarbyld, fynt er sels. De jonge út Berltsum begûn nûmers fan de Welshman te sjongen en koe ek hiel goed de rock-'n-roll-bewegings mei de heupen dwaan.

Soundmixshow

Nei ferskate talintejachten yn Fryslân koe er meidwaan oan de Soundmixshow fan Hennie Huisman. Yn dy lanlike populêre telefyzjeshow songen dielnimmers live in nûmer fan in beropsartyst.
In Elvis hiene se al, dus dat waard Shakin' Stevens. As 'de Nederlânske Shakin' Stevens' wûn er yn 1987 trije kear de publykspriis fan dy Soundmixshow. Letter soe er syn idoal ek yn it echt moetsje.
Promofoto André Sharon © André Sharon
Yn dy tiid wiene der noch net safolle telefyzjekanalen as no. Sokke shows waarden goed besjoen. André Sharon waard lanlik bekend. Hy waard as rock-'n-roll-sjonger faak frege foar optredens.
Jij doet toch shorttrack? Ik heb daarover een mooi nummer geschreven.
Komponist Hans van Eijck skreau 'Shorttrack baby' foar André Sharon
Njonken muzikaal wie André ek sportyf. Hy die it ynternasjonaal goed yn it shorttrack-reedriden. Dêr heakke sjuerylid Hans van Eijck fan de Soundmixshow op yn. It eardere bandlid fan de Tee Set wie ek komponist en sei tsjin André: "Jij doet toch aan shorttrack? Ik heb daarover een mooi nummer geschreven."
© André Sharon
By de opnames fan Shorttrack baby wiene Hans van Eijck, Hennie Huisman en Hans Hollestelle yn de studio oanwêzich. "Allemaal gasten die iets betekenden in de muziek." En dêr stie hy as jonge út Berltsum tusken te sjongen. Fan de single waarden 27.000 eksimplaren ferkocht. "Dan kun je zien wat tv en radio allemaal doet."

Yndonezië

Hy koe fuort te sjongen yn hiel Nederlân en yn it bûtenlân. Sa wie er bygelyks yn ús neiste buorlannen en yn Frankryk, mar ek fierder fuort yn Yndonezië. Troch syn optredens op Yndyske pasar malam-merken, krige er de tip om it ris yn Yndonezië te besykjen mei syn muzyk. It waard in toernee. Yn de jierren 2000 en 2002 song er op it eilân Baly, yn de stêden Bandoeng, Soerabaja op Java en yn de regio Kalimantan op it eilân Borneo. In hiele belevenis wie dat.
Screenshot André Sharon yn 1987 yn De Kuip © Screenshot

Moaiste optreden

André Sharon syn moaiste optreden wie nei eigen sizzen op it Los Vast-spektakel fan 1987 yn de Rotterdamske Kuip. Der kamen yn totaal 35.000 besikers nei dy edysje fan it festival. "Dan voel je je heel klein."
Los Vast fan 1985 mei presintator Jan Rietman © ANP
Los Vast yn De Kuip
Op it Los Vast Kuipspektakel stiene yn de jierren '80 mear as fyftich artysten yn de Rotterdamske Kuip. De stadionfestivals mei presintator en muzikale lieder Jan Rietman lutsen tsientûzenen minsken nei it Feyenoordstadion.
Boarne: RTV Rijnmond
De Los Vast Kuipspektakels wiene ienmalige stadionfestivals fan it wyklikse NCRV-radiopogramma Los Vast. Dat wie alle sneonen te hearren op de radio. Twa oeren lang optredens, hieltyd wer op in oare lokaasje. It wie populêr. De Fryske rock-'n-roll-sjonger André Sharon mocht faker delkomme yn Los Vast op de radio. Hy song dêr ûnder oare syn single When cupid knocks. Ta syn spyt hie dy single minder sukses as syn earste single Shorttrack baby.

Achtbaan

As André oan dy tiid weromtinkt, is it in achtbaan foar him. Ien of twa jier wie er hiel grut, mar it wie ek samar wer foarby. "De minsken binne dy gau fergetten." In grutte ynternasjonale trochbraak mei bliuwend sukses kaam der net. Wat bleaun is, binne de optredens.
It wie in moaie tiid. It hillige moatten is der no ôf foar him. Hy hoecht net mear alle wiken fuort. Optrede docht er noch op feesten, jierdeis en brulloften.
No't er it net mear sa drok hat, hat er it ek oan tiid om by syn famylje yn Fryslân del te gean. Hy hat in suster yn Stiens te wenjen en ien yn Froubuorren. Yn dat lêste plak wennet syn heit ek.

De top 5 fan André Sharon

Artyst Titel
André Sharon Shorttrack baby
Shakin' Stevens This ole house
André Sharon Never ending
André Sharon Let's discover
André Sharon Give me the right