Tess oer sluting kafee Groene Weide op Skylge: "Nei corona kaam de klap, it wie oer"

Hessel en Tess van der Kooij fan Skylge © Tess van der Kooij
Kafee De Groene Weide op Skylge wie lange tiid har libben. Tegearre mei har heit Hessel regelen se alles en jûns songen se ek noch. Mar it romrofte kafee kaam te keap te stean en Tess kin nije paden ynslaan. In petear oer de kroech, de muzyk en hoe't Tess no yn it libben stiet.
No't se ophâlden binne en harren kafee De Groene Weide yn Hoarne op Skylge te keap stiet, binne de tiden feroare foar Tess van der Kooij en har heit Hessel. De druk is derôf en dat wie yn it begjin wol efkes wennen wennen, fertelt Tess.
Se hat 27 jier it poadium dield mei heit Hessel. Se begûnen doe't se beiden sawat like âld wiene. Hessel op syn 16de en Tess wie 15. Sy wurke achter de bar en song út en troch mei mei heit, dy't op in stuit altyd de gitaar pakte om in liet te bringen. Letter smiet Tess har fol op de muzyk. Se hoegde net mear achter de bar te stean.
De Groene Weide hie in eigen opnamestudio. Dat joech rêst, seit Tess. Alles is ynregele op dyn stim. It is plug and play. Dochs fynt Tess harsels in minne studiosjongeres. Dat is neat foar har. Yn in studio is altyd romte foar ferbettering. Sy is mear fan it rauwe rântsje fan it live sjongen.

Fan it eilân ôf

Se hat in skoft fan it eilân ôf west om in kommunikaasjestúdzje te folgjen. Dat lei har goed as minskeminsk en it marketingdiel koe se letter brûke by it ûndernimmerskip.
Tuskentroch song se yn bandjes yn Amsterdam. Op in stuit wie it dochs wer tiid om werom te gean nei it eilân: "Ik had genoeg meegemaakt om weer terug te keren." Se wie dochs al faak yn de wykeinen op it eilân te finen.
Ik ben een echt feestbeest. Ik doe het licht uit.
Tess van der Kooij
Tess hâldt wol fan in feestje. "Ik ben een echt feestbeest. Ik doe het licht uit." Har beppe, Hessel syn mem, wie ek sa. Sy koe him ek goed reitsje.
De taken wiene ferdield yn kafee De Groene Weide. Hessel wie der foar 'de foarsoarch' en sy die 'de neisoarch'. Moarns sette Hessel de boel yn gong en sy wurke oant slutingstiid. Sy koe better mei dronken minsken omgean.
Alhoewol't se beiden it hert op de tonge hawwe, hawwe se inoar nea yn it paad sitten. Tess is perfeksjonistysk, seker by grutte shows, wylst Hessel mear it type is fan 'it komt wol goed'.

Grutte shows

Hessel en Tess Se hawwe in pear kear grutte optredens jûn bûten it eilân, ûnder oare yn in útferkochte Ziggo Dome. Dat wie in dream fan Tess. Se woe it in kear dien hawwe en dan moatst ek de earste stap sette, fynt se.
Dy grutte konserten moasten altyd yn de winterperioade wêze, as de eilanner hoareka útrêst fan it toeristeseizoen. Mar der wie gjin útrêsten by foar Tess en Hessel.
No, achternei, beseft Tess dat se in soad meimakke hat foar ien fan 42 jier. It wie in ryk bestean mei in soad adrenaline-hichtepunten.
The Rose fan Bette Midler en House for Sale fan Margriet Eshuijs har band Lucifer wiene de earste nûmers dy't Tess song. Janis Joplin kaam pas letter. Kinst Bobby McGee pas dwaan ast de nedige 'sjongkilometers op de teller hast', seit Tess.

Woodstock

De Groene Weide is foar Tess altyd in soart Woodstock bleaun. De hippymentaliteit fan 'elk is wolkom' en it ultime frijheidsgefoel dat alles okee is. Ferjit de deistige soargen en problemen. Tink yn mooglikheden.
Se hat sels ek muzyk útbrocht. Skriuwe docht se allinnich, net mei oaren. It begjint altyd mei tekst. Omdat se net echt in ynstrumint spylje kin, sjongt se it yn op de telefoan. By it oerwaagjen fan in eigen karriêre yn de muzyk ferlear se nea de realiteit út it each. Wol se wol libje as in artyst, want se hat bern en se wennet op in eilân.
Yn it radioprogramma Noardewyn hat presintator Willem de Vries fan moandeis oant en mei tongersdeis 1-op-1-petearen mei minsken út de kulturele wrâld. Harkje tusken 18.00 en 19.00 oere, beharkje it as podcast of besjoch it op YouTube.
Op freeds is Noardewyn Live, it muzikale doarpsplein fan Fryslân, mei allerhanne live-muzyk te hearren tusken 18.00 en 19.00 oere. Dy optredens binne sneontejûns op telefyzje te sjen.
Troch de nije faze dêr't se no yn sit, stiet alles efkes stil. De grutte show yn Ahoy Rotterdam moasten se ôfsizze fanwege corona. Dat wie in mokerslach, want se hiene al in soad regele.
"Alsof je een berg aan het beklimmen was en alleen nog maar de vlag hoefde te planten. En dat dat dan niet doorging." Se wist net oft se de klap wol oan koene. Der wiene kosten makke. Hoe soe it finansjeel allegearre komme?
De gefolgen fan de coronakrisis foar it deistige libben makke de motivaasje der ek net better op. It wiene tastannen dêr yn De Groene Weide mei lilke minsken en scannen by de yngong om te sjen oft de besikers wol faksinearre wiene. Dat gie tsjin Tess har gefoel fan frijheid yn. Se fûn it allegearre ferskriklik.
Paniek en zweten. Het klopte niet meer. Het was over.
Tess van der Kooij krige de klap doe't se wer iepen mochten nei corona
Doe't se nei de coronakrisis wer iepen mochten, kaam de man mei de hammer. Dy sloech har fol yn it gesicht. "Ik stagneerde letterlijk. Paniek en zweten. Het klopte niet meer. Het was over."
Hessel en sy besleaten op te hâlden mei it kafee. "Soms kan je een pleister er beter snel af trekken in plaats van het langzaam te doen."
Se baalt der wol fan, mar is net frustrearre. Witte wannear'tst ophâlde moatst, heart ek by ûndernimmen, fynt se. Dan begjint der wer nije enerzjy te streamen en komme der wer oare dingen foar yn it plak. Se geneitet fan 'it stilstean' en fan har bern.
Noch nea earder yn har libben hat Tess yn in 'niks-situaasje' sitten, sa't se it sels neamt. No dus wol. Se giet fieder ûnder it motto: lit dy neat oplizze troch oaren en gean dyn eigen wei. Der komt fansels wol wer wat.

De top 5 fan Tess van der Kooij

Artyst Nûmer
Bonnie Raitt Love Me Like a Man
Sinéad Lohan To Ramona
Janis Joplin Me And Bobby McGee
Tess 180 jaar geleefd
Fleetwood Mac Go your own way