Sjoerd Steegstra fan Baldrs Draumar siket de ferbining: "Elkenien draach deselde fakkel"

Sjoerd Steegstra is in echte ferbiner, mei syn twa Fryske bands en ek yn syn wurk yn de psychiatryske soarch. "Helpferliener? Kinst it ek hoopferliener neame", sa seit er. Muzykterapeut wurde liket him ek wol wat.
Sjonger-muzikant Sjoerd Steegstra fan de folkmetal-band Baldrs Draumar hat krekt in cd útbrocht mei syn oare band Sjoerd en sa. Yn coronatiid kaam it idee om mei trije of fjouwer Fryske artysten in lyts skyfke op te nimmen. Gewoan, om wat mei-inoar te dwaan. Uteinlik waarden it it tolve artysten. It skyfke is in album wurden dat freed presintearre is yn De Lawei yn Drachten.

Faeroër

Steegstra syn band Baldrs Draumar kaam yn novimber ek al mei in nije cd. 'Njord' giet oer it ferhaal dat sawat tûzen jier ferlyn Friezen nei de Faeroëreilannen tein binne. Der is net in soad bekend oer dy skiednis. "Wy hawwe besocht safolle mooglik fêst te hâlden oan de feiten", seit Sjoerd.
In pear moanne ferlyn hat de groep in lytse toer dien op de Faeroëreilannen. De filmopnamen dêrfan wurde ferwurke ta in dokumintêre dy't fan 't simmer útkomt.
Sjoerd-Klaas Steegstra (1990) wenne oant syn 21ste yn Broeksterwâld. Hy wennet no al wer alve jier yn Dokkum, mar neamt himsels noch altyd in echte Wâldpyk. In nofterene Fryske opfieding hat er hân. Thús praten se Wâldfrysk.
It sjongen begûn foar him yn tsjerke. As jonkje fan 7 of 8 jier siet er op koar. Op syn 13de learde er himsels gitaar spyljen en spile er yn in band stevige rockcovers. Dêrnei stoarte er him op de trashcore-metal. Mei 17 of 18 jier kaam er by Baldrs Draumar en dêrmei wie er de Frysktalige muzyk yn rôle.

Swiere perioade

Doe't Sjoerd begjin tweintich wie, gie it mis. Der waard in foarm fan skizofreny by him konstatearre. Hy moast in jier yn in klinyk opnaam wurde. Op papier wie it in skizo-affektive steurnis, mar dat seit him net safolle. "Ik tink wol dat ik in bepaalde kwestberens of gefoelichheid haw. As ik dat fernim, moat ik myn libben der tydlik op oanpasse."
Dêr is er no sa goed op ynspile dat it syn libben net mear ûntregelet
Sterker noch, de swarte perioade hat er brûkt foar wat posityfs. Hy is HBO-ôfstudearre ûnderfiningssaakkundige yn de soarch en wurket no alwer tsien jier yn de psychiatry.
Yn dy swarte perioade fan syn libben wie Fryske muzyk in goed middel tsjin negatyf tinken. It foarkaam dat waantinkbylden besit fan him namen. Opmerklik is dat er mei in artyst as Piter Wilkens nei wa't er doedestiids harke, no gearwurke hat foar it album Ensa.

Twa bands

Sjoerd sit dus yn twa bands: Baldrs Draumar en Sjoerd en sa. Se binne beide Frysk, mar ek ferskillend.
Mei Baldr gean se nei it bûtenlân. Se hawwe spile yn Parys, Ierlân en België, en fansels op de niisneamde Faeroëreilannen. Meikoarten sille se wer nei Denemarken en Dútslân. By bûtenlânske konserten fertelle se de ferhalen tuskentroch yn it Ingelsk. "Mei de ferhalen wolle wy minsken bewust meitsje fan de skiednis fan de Friezen."
Syn teksten by Sjoerd en sa gean diels oer wat er sels meimakke hat. Dy gean net oer skiednis lykas by Baldrs Draumar, mar mear oer it libben yn it algemien.
De tagonklikens is der, ast it sjen wolst.
Dat fernaam Sjoerd Steegstra doe't er yn Ierlân yn in pub mei oare muzikanten spile
Sjoerd leaut yn de krêft fan de ferbining. "Frysktalich of net, wy komme allegearre út in bepaalde boarne, en taal en kultuer kinne ferbine. Mei oare kultueren binne der ek oerienkomsten. Ast dy oerlaap pakst, dan kinne ek net-Friezen it fiele."
Dat hat er meimakke yn Ierlân. "Doe't ik yn in pub mei muzikanten song, fernaam ik dat de tagonklikens der is, ast it sjen wolst."

Skiednis fan de Friezen

Steegstra fynt it wichtich dat der op skoalle mear lessen oer de skiednis fan de Friezen jûn wurde. De Fryske skiednis moat tagonkliker wurde, fynt er.
"In soad minsken fine it tige nijsgjirrich. Se witte allinnich net hoe't se der mear oer te witten komme kinne. Tsjintwurdich wurdt der wol oan wurke om de Fryske skiednis in earliker plak yn de lesboeken te jaan."
Elkenien draach deselde fakkel. Ek al uteret him dat op in oar gebiet.
Sjoerd Steegstra oer ferbining sykje
Hy konstatearret dat der bytiden delsjoen wurdt op de skiednis fan de Friezen. "Ast de hiele Nederlânske skiednis oereagest, dan is hast it grutste diel boud op Fryslân. Wêrom binne we sa bang dat te beneamen?"
Yn in maatskippij dêr't in soad kultueren byinoar komme, gripe minsken werom op de eigen kultuer. Se freegje harren ôf wêr't sy stean yn it gehiel. Dan kinst ferbining sykje mei minsken dy't der sa ek yn stean. Elk mei syn eigen talint, lykas in muzikant, striptekener of skriuwer. "Elkenien draach deselde fakkel, ek al uteret him dat op in oar gebiet."
Yn it radioprogramma Noardewyn hat presintator Willem de Vries fan moandeis oant en mei tongersdeis 1-op-1-petearen mei minsken út de kulturele wrâld. Harkje tusken 18.00 en 19.00 oere, beharkje it as podcast of besjoch it op YouTube.
Op freeds is Noardewyn Live, it muzikale doarpsplein fan Fryslân, mei allerhanne live-muzyk te hearren tusken 18.00 en 19.00 oere. Dy optredens binne sneontejûns op telefyzje te sjen.
Muzyk en bands kinne it Frysk wer 'cool' meitsje, fynt Steegstra. Dat bart tsjintwurdich hieltyd mear. In band as De Hûnekop helpt dêrby. Ek al is harren Frysk oars as dat fan Baldrs Draumar, it is wer stoer om Frysk te praten.

Hoopferliener

Wat is Sjoerd no? Muzikant of helpferliener? Hy wit it net. Miskien wol hoopferliener, seit er.
Wurkje mei minsken dy't mei de holle op de rin binne, is prachtich. Mar soms ek swier. En it hâldt him tagelyk in spegel foar hoe't er sels west hat. Mar krekt hy kin foar dizze minsken in soad betsjutte. Hy wit hoe't it is om oan de oare kant fan de streek te stean.
De gefoelens fan de psychiatryske pasjinten ken er. Yn dy sin wurket er mear mei it hert as út it boekje. "Ast dy gefoelens sels meimakke hast, is it makliker om deroer te praten. It giet altyd om ferbining. Ik soe bêst noch wol muzykterapeut wurde wolle."

De top 5 fan Sjoerd Steegstra

Artyst Nûmer
Jeff Danna & Mychael Danna The Blood of Cu Chulainn
Linkin Park Shadow Of The Day
Baldrs Draumar Wat nea fergiet
Sjoerd ensa ft Piter Wilkens Thus
Stef Bos Gelukkig