Fryske ferhalen fan de Faeröereilannen: "Net ûnmooglik dat se dêr ea west ha"

De Fryske flagge by Kirkjubøur op de Faeröereilannen © Hilbert Vinkenoog
Wie der eartiids in Fryske koloanje op de Faeröereilannen? Wol as wy de mearkes, ferskes en ferhalen oer Friezen op dy eilannen leauwe meie.
Eigentiidsk bewiis foar de oanwêzichheid fan Friezen op de eilannen, dy't 400 kilometer boppe Skotlân lizze, is lykwols nea fûn. "Mar it is net ûnmooglik dat se der ea west ha", seit Hilbert Vinkenoog. Hy is thús yn de skiednis fan Noardwest-Europa yn de midsiuwen.
Hilbert Vinkenoog © Eigen foto
Vinkenoog is berne yn Ingelân en is grutbrocht mei de Ingelske en Nederlânske taal. Troch syn famyljeskiednis, dy't weromgiet nei Fryslân, hat er in grutte ynteresse foar de skiednis fan it Fryske gebiet. Hy hat himsels dêrom ek Frysk oanleard, nei eigen sizzen oan de hân fan ferskes fan Baldrs Draumar.
Hy studearre earder Angelsaksysk, Noarsk & Keltysk en docht no in master Viking and Medieval Studies yn Noarwegen.
Op syn YouTube-kanaal makket de Fries om utens, sa't er himsels sjocht, fideo's oer ferskate ûnderwerpen út de skiednis. Dat kin fan alles wêze: de iene kear giet it oer de skiednis fan Afganistan, dan wer oer de Amerikaanske boargeroarloch.
De Fryske skiednis is in bytsje fergetten.
Hilbert Vinkenoog
Fryslân hat in spesjaal plakje yn it hert fan de Ingelskman. It is dan ek net ferwûnderlik dat Frysk en Fryslân faker weromkomme yn syn fideo's as dat je op basis fan de bekendheid fan ús provinsje ferwachtsje meie. "Dat is ek myn doel, ik wol minsken oer de Fryske skiednis fertelle."
Neffens him is dy skiednis in bytsje fergetten. "It is sa'n nijsgjirrich gebiet, yn de iere midsiuwen wie it safolle grutter as no. Ik tink dat der folle mear ynteresse foar wêze soe as mear minsken derfan witte soenen."

Faeröerske teltsjes en ferskes oer Friezen

Foar ien fan syn fideo's hat er útsocht hoe't it krekt kin dat bern op de eilannen in Frísaspæl boartsje, en der in apart muzyksjenre (Frísanir of Frísa kvæði) is mei ferskes en folksnûmers dy't geane oer Friezen op de eilannen.
"Wy hawwe de ynformaasje oer Friezen út ferhalen en ferskes dy't oerbleaun binne op de Faeröer, yn it Faeröersk. En wat tige nijsgjirrich is, is dat de Friezen yn de ferhalen gjin boeren binne, mar seerôvers en piraten."
Dat is opfallend, seit Vinkenoog. "Yn de rest fan Europa hienen Wytsingers, ek wol Noarmannen, de rol fan piraat yn de folksferhalen. Mar op Yslân en de Faeröer binne it de Friezen."
Hilbert Vinkenoog dielt de ynteresse foar it Fryske ferline mei de band Baldrs Draumar. Net tafallich hat Vinkenoog syn fideo oer dit ûnderwerp tagelyk online set mei it útkommen fan it nije album 'Njord' fan Baldrs Draumar, dêr't de ferhalen fan Friezen op de Faeröer op besongen wurde. Besjoch hjir de fideo fan History with Hilbert.
"Der wurdt sein dat de Friezen dy't nei de Faeröereilannen kaam wiene, twa Wytsingerskippen hienen", fertelt er. "Dêrmei giene se derop út en makken se minsken ta slaaf."
Dat byld fan Friezen is werom te finen yn in bernemearke, it saneamde Frísaspæl. "Wy ha der in soad ynformaasje oer", fertelt Vinkenoog. "Der is in famke, dat meinommen wurdt troch Fryske seerôvers nei Fryslân ta. De oaren moatte losjild betelje, mar ek wer net al tefolle."
En dat is net it iennige foarbyld fan dat sentimint oer Friezen, leit er út: "Faker as ien kear sit yn ferhalen de spreuk 'Latið meg ei á Frísaland fordervast!'. Dat is Faeröersk foar 'Lit my net yn Fryslân deagean'."

Suðuroy

Ferhalen genôch, hurd bewiis foar it bestean fan in eardere Fryske koloanje op de eilannen is der lykwols net. Mar as der al Friezen op de eilannen sitten hawwe, dan moat dat neffens de ferhalen op it súdlikste eilân Suðuroy west ha. "Dat sizze de leginden. De delsetting fan de Friezen wie dêr dan op Akraberch."
Sjoch hjirûnder wêr't de neamde plakken krekt lizze (klik hjir as de kaart net goed yn byld komt)
De komst fan de swarte dea, de pest, soe letter in grut part fan de bewenners fan eilân útrûge ha. Fan de Friezen bleau neffens de leginde mar ien húshâlden oer: in heit mei syn soannen. Dat geslacht soe lykwols stânholden ha: "Ik ha heard dat de minsken fan Sumba (in doarp op Suðuroy, red.) noch hieltyd sizze dat se fan de Friezen ôfstamje."
It binne moaie ferhalen oer Friezen op de eilannen, dêr't dreech fan te efterheljen is oft se wier binne. "Oft se der ek echt wiene, dat witte wy gewoan net. It kin ek wêze dat it makliker wie om heidenske Friezen yn de leginden in biskop fermoardzje te litten, want dat koe fansels net."
In útsjoch op de Faeröereilannen © Hilbert Vinkenoog
"Ien ferzje fan de ferhalen seit dat nei de Karolingyske ynfal de Friezen nei de Faeröer giene om heidenen bliuwe te kinne." Der is oan de oare kant ek in Yslânske sêge oer de Faeröereilannen, wêryn't it net oer Friezen giet.
Dat tsjut der neffens Vinkenoog op dat de ferhalen oer Friezen op de Faeröereilannen út lettere tiden komme. Mar, seit de Fries om utens: "Dochs is it net ûnmooglik dat der ea Friezen west ha, omdat de Friezen ferneamde skippers en keaplju wiene, oant en mei de Baltyske steaten ta."
De kustline fan de Faeröereilannen © Hilbert Vinkenoog
Om mear dúdlikheid te krijen soe noch ûndersyk dien wurde kinne nei it DNA fan de eilânbewenners. It kin ek dat der yn de takomst noch bewiis fûn wurdt dat it ferhaal befêstiget, of krekt ûntkrêftet.
"Miskien is it ek mar better as je it net witte, dat it in mystearje bliuwt", seit Vinkenoog dêroer. "Dat ik de see oer sjoch, en tink: dêr binne mooglik ea Friezen hinne fearn."