Aant Jelle Soepboer komt mei metalband Baldrs Draumar op foar Fryske taal

Aant Jelle Soepboer nimt it iene momint plak oan in fergadertafel, en it oare achter in drumstel. De wethâlder spilet yn de band Baldrs Draumar, wêrmei't er metal ôfwikselet mei akoestyske muzyk. Stabile faktor is de eksperimintele Fryske tekst.
De band út Dokkum ûntstie yn 2009. Alle leden spilen oant dy tiid yn ferskate muzykgroepen, dy't oare soarten metal makken. As in band personiel tekoartkaam, sprong de oar by. Nei ferrin fan tiid ûntstie der freonskip en Baldrs Draumar waard berne.

Noarske mytology

De bandnamme betsjut 'Dromer van Baldr'. Baldr is in Asengod út de Noarske mytology. Op harren earste album waarden âlde ferhalen besongen oer Noarwegen en omlizzende gebieten. Yn it Ingelsk. Dat sloech nearne nei, beseften de bandleden. "Fryslân leit min ofte mear yn itselde gebiet en hat reitsflakken. We realisearren ús dêrom dat we it folle better yn it Frysk dwaan koene", seit Soepboer, dy't foar de FNP wethâlder is fan Noardeast-Fryslân.
Hy fielt him ferbûn mei Skandinavië en dy syn kultuer. "Ik sjoch Fryslân ek leaver as it suden fan Skandinavië as it noarden fan Europa. Der wiene eartiids ek safolle kontakten mei dy folken. Friezen giene de see oer, nei de Faeröer of Denemarken. 'Op Fiking', sa't dat neamd waard. Reizgje. It wie in dynamyske tiid, wêryn't in soad reizge waard en dêrtroch beynfloede we inoar."

Metal en akoestysk

Earder foel elk nûmer fan Baldrs Draumar op syn minst 'stevich' te neamen. Albums bestiene fan it earste oant it lêste nûmer út ûnfersniene metal. Dêr is feroaring yn kaam. Nei't de folkmetalband ris op oanfraach 'I Hung My Head' fan Johnny Cash akoestysk spile, wiene de eagen iepene. Der wie dus mear mooglik.
"Doe binne we oan it eksperimintearjen gongen mei sêftere nûmers. Wy besleaten om it fifty-fifty te dwaan: nei in metalplaat folget in akoestyske."
'Njord', it album dat yn novimber ferskynde, heart ta de lêste kategory. "Hjirnei sil dus wer in stevigere plaat folgje. Mar it is moai om te witten dat we beide kinne. En dêr ha we ek de minsken foar. In gitarist dy't geweldich opnimme kin en in soad fan technyk wit, we ha in geweldige sjonger, en in ús bassist is multy-ynstrumintalist. Dy spilet fan akkordeon oant fluit."
Yn it radioprogramma Noardewyn hat presintator Willem de Vries op moandeis oant en mei tongersdeis 1-op-1-petearen mei minsken út de kulturele wrâld. Harkje tusken 18.00 en 19.00 oere, belústerje it as podcast of besjoch it op YouTube.
Op freeds is Noardewyn Live, it muzikale doarpsplein fan Fryslân, mei allerhanne livemuzyk te hearren tusken 18.00 en 19.00 oere. Dy optredens binne sneontejûns op telefyzje te sjen.
De wikseljende stilen hawwe in stevige pylder: de Fryske teksten. Dizze eksperimintele lyrics bliuwe it kenmerk fan de band. En dat is wichtich, fynt Soepboer. "Frysk liket wat in plattelânskultuer te wurden. En dat is prima, salang't dat in geuzenamme is. Mar as it in iepenloftmuseum wurdt mei minsken yn klaaiïng binne wy op de ferkearde wei. It moat mei de tiid."
Frysk is te grut om dy soargen om te meitsjen en te lyts om dy dat betelje te kinnen.
Aant Jelle Soepboer
"Ik fyn dat je it oeral brûke kinne moatte yn de provinsje en dat in oar fan je ferwachtsje meie dat je it sprekke kinne. Dat idee hearsket lang net oeral. Spitich", fynt Soepboer, dy't de teksten ek mei leafde foardraacht yn oare lannen. "We wolle it Frysk ferspriede. En dêr krije we positive reaksjes op, as we bygelyks optrede yn Ingelân", seit er.
"Frysk is te grut om je soargen om te meitsjen en te lyts om je dat betelje te kinnen. Ik bin wolris bang dat it ferdwynt. Al bin ik bliid mei it feit dat der bewegingen komme dy't fine dat we wat dwaan moatte."

Ferantwurdlikheid pakke

Bestjoerders en beliedsmakkers foarop, seit de drummer anneks wethâlder. "Sy moatte harren ferantwurdlikheid pakke en it ôftimmerjen oan de achterkant. Mar dat doare se faak net. Dan wurdt it te twingend, klinkt it faak. Want: 'Fries moet fun zijn'. Dêr giet it hier fan oerein stean by my. Fansels moat it leuk wêze, mar je moatte der ek foar stean", stelt Soepboer. "Dit is ús taal, dat prate we no en oer hûndert jier ek noch."
Underwilens litte de mannen fan Baldrs Draumar it Frysk yn mannich mikrofoan trochklinke. Ferpakt mei dûns of hurdmetaal.

De top 5 fan Aant Jelle Soepboer

Artyst Nûmer
Bok van Blerk Afrikanerhart
Dropkick Murphys Warriors Code
Baldrs Draumar Njord
Hamradun Sosta Lotan
Red Devils (live at King King) Automatic