Emiel Stoffers: in noch gruttere stjer troch Stjer
It wie in jier mei hichte- en djiptepunten foar Emiel Stoffers fan Ljouwert. De sjonger fan De Hûnekop seach dat optredens skrast waarden, mar ek dat syn film Stjer yn premjêre gie. Dat pakte goed út, de film luts 15.000 besikers.

In reade loper lei der út foar de bioskoop Tivoli yn Ljouwert. It wie dêr begjin septimber suver Hollywood. Allinnich hienen de minsken hjir gjin glês sjampanje yn de hân, mar in pot bier. Tal fan Fryske artysten, dy't yn de film fermoarde wurde, wienen by de premjêre.
Hollywood yn Ljouwert
Mei 15.000 besikers waard de film in sukses, al hie Stoffers stikem op noch mear hope: "Myn dreamen binne altyd grut, mar myn ferwachtingen wat lytser. Ik bin net altyd dwaande mei de útkomst, sis mar. Ik wit dat dreamen altyd lytser útpakke, mar dat makket neat út. We ha 15.000 besikers hân. Ik hie it op 30.000. Ik bin mei de helte tefreden."
Mear tiid: mear ideeën
Eins hie de film al yn jannewaris yn premjêre moatten. Troch de lockdown fan doe en alle maatregels slagge it net alle sênen te filmjen. "Dat koe net, want dan hienen we tefolle minsken. It joech ús ek wol in kâns. Sa koenen Janko Krist en ik wer nije dingen betinke en dy brûke. Allinnich ja, as je mear betinke moatte je ek mear útfiere en dat jout ek wer problemen. Dus ha we de premjêre mar yn septimber set."

Optrede siet der net folle yn foar de band fan Emiel, De Hûnekop. In soad fan de optredens waarden troch alle jildende maatregels skrast. "It is altyd itselde. Dan tinke je dat der wer wat kin en wurdt dêrnei alles wer ôfsein."
Libje by de dei
Hy hat dan ek net hege ferwachtings foar 2022. "We moatte mar sjen. Ik libje wat by de dei. In protte optrede is mar krekt de fraach oft dat kin. Ik lit it libben my ferrasse." De kâns is lykwols al dat hy op it skerm weromkomt. Der wurdt al wer wurke oan plannen foar in nij telefyzjeprogramma. "Mar dêr kin ik noch net al tefolle oer sizze."
En de film Stjer? "Yn de doarpshuzen en sa wurdt neat", seit Stoffers, "dus wurkje wy oan in plan om him online fuort te setten."