De libbensmisje fan Henk Kroes: "It goede út de minsk helje"

Henk Kroes © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Net allinne syn tiid as Alvestêdetochtfoarsitter en as direkteur fan It Fryske Gea, ek syn jonge jierren wiene bepalend foar Henk Kroes. Syn wurden "It giet oan" waarden legindarysk, mar ek syn eigen libben hie mominten fan froast- en teiwaar.
Henk Kroes waard berne yn Terkaple, op 1 novimber 1938. Heit en mem buorken dêr op de lytse pleats dy't earder fan pake en beppe wie.
Doe't Henk sân jier wie, baarnde de pleats ôf. De famylje ferhuze nei de Kobbewei by Goaiïngahuzen: in plak dat net oer lân te berikken wie. De ein fan de wrâld.
It libbensferhaal fan Henk Kroes yn Buro de Vries
De boel waard letterlik nei de nije pleats fearn, dêr't Henk Kroes syn oantinkens echt begjinne. De pleats lei foar in eilân oer. Dêr stiene ek boerepleatsen.
Henk Kroes as jonkje © Henk Kroes
Alles yn it libben gie oer it wetter. De molke waard mei in boat ophelle, nei tsjerke en skoalle giene se ek mei de boat. It hat de âld-direkteur moaie oantinkens opsmiten.
Roeie, reedride, swimme, alles learde er dêr. En de natuer, fansels. Fûgels yn de blaugerzen by de pleats, omstrune yn it grien: it joech de jonge Henk rêst.
De pleats yn Goaiïngahuzen © Henk Kroes
Doe't de húshâlding mei fjouwer bern trije jier op de pleats wenne, gie it wer mis. Dizze pleats baarnde ek ôf. Dat wie in ramp foar Henk syn heit. Njonken syn wurk as boer woe er der ek graach oare dingen by dwaan. Alde Kroes wie riedslid yn Utingeradiel. Dat koe net mear, want de boel moast wer opboud wurde.

Boerejonkje yn de stêd

It buorkjen wie net de earste leafde fan heit Kroes. Hy hie graach leare wollen. Dat is wat de jonge Henk by einsluten wol dien hat. Al betiid gie Kroes it hûs út. Op syn 12e siet er yn Ljouwert op skoalle. Omdat der gjin ferfier wie, moast de jonge Henk yn de kost by in oare húshâlding.
Sa learde er de oare wrâld ek kennen: as boerejonkje tusken de stedsjonkjes. "Ik fûn dat se allegear mar in grutte bek hiene, mar ik koe my der goed mei rêde."

De famylje mist

Eins hat er dêrnei net mear echt thús wenne. Fan de HBS gie de jongfeint yn tsjinst en dêrnei nei Delft om te studearjen. Dêrtroch hat er wol in soad mist fan wat der yn syn famylje spile. Syn suske mocht bygelyks net studearje fan heit. Henk makke dy striid net echt mei. Dat spyt him noch altyd.
'Buro de Vries' siket dizze simmer libbensferhalen op fan bekende(re) Friezen en Friezinnen op leeftiid. Se sjogge werom op har jeugd en wat dat foar ynfloed hie op har libben.
De libbensferhalen wurde sneins om 12.00 oere op de radio ferteld. It folsleine petear is ek as podcast werom te harkjen: hjir of yn dyn podcastapp.
"Ik hie in dominante heit. Dy sei dat in frou net hoegde te studearjen. Myn suske hat dêr hiel bot lêst fan hân. It fielt noch altyd net goed foar my dat dat doe by my delgien is."
Dat heit net studearre hie, wie in frustraasje fan him. Henk tinkt dat dat úteinlik op him projektearre waard. Heit hat letter noch wol bestjoerlik aktyf west. Hy wie tolve jier wethâlder yn de gemeente Smellingerlân.
Kroes as jongfeint © Henk Kroes
Op syn 17e learde Henk Swaentsje kinnen. De twa krigen al gau ferkearing. Se binne no al 60 jier byinoar. "Swaentsje is myn earste en iennige grutte leafde. Dat is geweldich dochs, nei 60 jier?"

Swaentsje en Henk: beakens foarinoar

De jonge Swaentsje wie learling-ferpleechkundige. Se wurke yn in sikehûs yn Ljouwert dêr't se ek wenne. Henk studearre yn Delft dyk- en wetterboukunde. Dêrnei krige er al gau in baan yn Den Haag. Om in hûs te krijen, moasten sy wol trouwe. En dat diene se ek.
Henk en Swaentsje © Henk Kroes
Der kamen fjouwer bern en nei in skoftke gie it pear werom nei Fryslân, dêr't Henk oan it wurk koe mei syn oare grutte leafde: de natuer. By natuerbehearder It Fryske Gea waard Kroes úteinlik direkteur.

De natuer raast om help

Noch altyd makket Kroes him bot drok oer hoe't wy mei de ierde omgean. Yn dizze tiden fan boereprotesten begrypt er de ûnmacht fan de jonge boeren wol, mar hy is der ek fan oertsjûge dat it oars moat mei de lânbou. De frustraasjes fan de boeren komme út in belied sûnder fyzje wei, fynt er.
"Sy witte net wêr't se oan ta binne, mar wy sille wol nei in folslein oare lânbou ta moatte. Mei it klimaat sa't it no wurdt, moat der absolút wat barre. De problemen binne fierstente lang foarútskood. It kin sa net trochgean, mar dat jildt foar de hiele mienskip."

Alvestêdedrokte yn Boazum

Swaentsje en Henk wenje yn Boazum, dêr't se ek alle Alvestêdtochtperikels meimakken. Kroes wie sûnt 1969 aktyf foar de Koninklijke Vereniging De Friesche Elf Steden. Earst as iismaster en fan 1994 ôf as foarsitter.
Henk Kroes yn 1986 © ANP
Trije jier letter waarden syn wurden "It giet oan" legindarysk. Op 4 jannewaris 1997 wie de lêste 'tocht der tochten' oant no ta.
It wie in spannende tiid, dêr't Henk syn frou ek folop mei dwaande wie. Yn it sintrum fan de iiswrâld. Tegearre hiene se it der in soad oer. Swaentsje naam in soad telefoantsjes oan en regele wa't wol en net werombelle wurde moasten.
Piet Venema en Henk Kroes © ANP
Dat koene drokke dagen wêze, mar sa't de âld-foarsitter seit: "As it teiwaar wurdt, is it wer klear." Swaentsje hâldt him by de realiteit. Se relativearret in soad.
Op de fraach oft Kroes ek dominant is, laket er. "No ja, de bern seine wolris: Heit wurdt dochs net lykas pake?"
Ferline jier krige it libben fan de famylje Kroes in ferskuorrende kear. Swaentsje en Henk ferlearen harren âldste soan Jan Hindrik. Hy die himsels tekoart.

Swiere tekken oer it libben

Foar Henk Kroes is it in tige grut fertriet dat alle dagen oanwêzich is. Eins altyd. Benammen de fragen dêr't de famylje mei sitten bliuwt, binne swier.
It leit noch alle dagen in swiere tekken oer it libben, fertelt Kroes. "De ûnmacht dy't je fiele, dat je dat net oankommen field hawwe. Der binne safolle riedsels. It is sa spikerhurd."
It libbensferhaal fan Henk Kroes
Kroes mei syn pakesizzer, nei de fytstocht fan Vladivostok nei Scheveningen yn 2003 © ANP
In passy fan Kroes is fytse. En dan net yn Fryslân, mar op oare plakken. Rûnom op 'e wrâld hat Kroes op syn fyts lannen besjoen. Dat is sa prachtich, seit er. "As krûpend troch in lân giest, learst it echt kennen. Dan komst derachter dat de minsken yn Sibearje echt net dwaande binne mei wat yn Moskou bart."
Kroes fytste in pear kear foar goede doelen. Sa gie er fan Boalsert nei Gana en fan Vladivostok nei Scheveningen, in fytstocht fan 12.000 kilometer.

Wat betsjutte foar in oar

Goed dwaan foar de wrâld is in saak dy't foar Kroes wichtich is. It is suver in libbenshâlding of in libbensles. Wat foar oaren betsjutte jout it libben sin, fynt er.
Henk Kroes hellet oantinkens op oan 1997 © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Sa set er him no yn foar Nijkleaster by Jorwert. In besinningssintrum, in plak dêr't minsken ta rêst komme kinne. Konkrete dingen dwaan, dêr hâldt er fan.
Earder waard er wolris frege om de polityk yn te gean. Dat like him neat. In skoft wie er lid fan it CDA, mar no net mear. De partij stiet no te fier fan him ôf. Sy dogge fierste min mei de klimaatproblematyk, fynt er.

It goede út de minsk helje

Maatskiplik belutsen bliuwe, it goede fan de minsk nei boppen helje en wat betsjutte foar de wrâld salang't it noch kin, dat sil de libbenswize bliuwe fan Henk Kroes.
Op de fraach oft er yn God leaut, seit Kroes: "God is foar my in mystearje, mar dat sit ek yn de minsk sels. Ik leau dat wy hjir in taak hawwe as minsk. It goede út de minsk helje."