Lêstip: It libbensferhaal fan Hilly Harms: "Op it toaniel stean hat wat magysks"

Hilly Harms foar it hûs dêr't se opgroeide yn de Honthorststrjitte yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
Nei har karriêre by Tryater ûntdekt Hilly Harms dat se ek goed ferhalen fertelle kin. Dat is goed te fernimmen as se har libbensferhaal fertelt foar it Omrop Fryslân radioprogramma Buro de Vries.
Foar har âlderlik hûs yn Huzum (Ljouwert) hellet Hilly Harms allegear oantinkens op oan har jonge jierren en dat docht se mei in soad ekspresje yn har toan, gesicht en lichem. It ferfeelt gjin momint nei har te harkjen.
Hilly Harms mei har âldere sus begjin jierren fjirtich foar it âlderlik hûs. © Hilly Harms
Hilly Harms is berne yn 1938 en wennet oant har fyftjinde yn in lyts hûs oan de Honthorststrjitte yn Huzum. Der binne noch twa broerkes, ien âldere sus en ien jonger suske.
De famylje komt de oarlochsjierren reedlik goed troch: heit sit ûnderdûkt yn Wurdum en mem rêdt har mei de bern. Se hawwe it net breed. "Mar wa hie it wol breed yn en flak nei de oarloch?" freget Hilly har ôf.

Mouwen oer de ûnderearmen

"Ik hie ien sneinske jurk en as ik nei skoalle rûn, moast ik mouwen oan. Dy skoost oer dyn ûnderearmen, sadat de klean net slite, want myn suske moast de trui nei my noch oan. En as in breidene trui echt te lyts wurden is, dan rûn ús mem him ôf, wuolle it jern op in kartontsje en hong it boppe de kachel sadat it jern wer rjocht luts en der wer in nije trui fan breide wurde koe."
It binne ferhalen út in ferline dêr't de measte minsken gjin weet mear fan hawwe. It is in hiele oare tiid. "Ik ha hiel wat klappen hân fan ús heit. Hjoed-de-dei is dat bernemishanneling, doe wie dat gewoan."
Buro de Vries siket dizze simmer libbensferhalen op fan bekende(re) Friezen en Friezinnen op leeftiid. Se sjogge werom op har jeugd en wat dat foar ynfloed hie op har libben.
De libbensferhalen binne sneins om 12.00 oere op de radio te belústerjen en ek fia de podcast-app
Dat Hilly nei har oplieding oan de moadefakskoalle dêr't se leart foar kûpeuze, al op har fyftjinde it hûs útgiet om te wurkjen yn Rotterdam is ek wat dat tsjintwurdich net mear foarkomt. Se krijt in baan yn it sikehûs en leart yn koarte tiid in hiel soad by. "Ik moast in urinaal oanlizze by in noch jonge man. Ik hie noch nea in man sjoen! Kinst dy begripe wat der barde... ik skrok my wyld!"

Nei Burgum

Nei Rotterdam komt se earst wer thús, krijt ferkearing en giet dan nei Eindhoven dêr't har freon ek wennet. Se wenje net tegearre, mar binne sa wol ticht by inoar. Yn Eindhoven wurket se op in naaiatelier en letter, as se al troud is, komt se mei har man yn Burgum te wenjen.
Aktrise Hilly Harms © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Der komme bern en njonken it húshâlden helpt se har man yn de saak yn fotografyspul. Dêr yn Burgum komt se yn oanrekking mei toaniel. "Ik hearde fan it iepenloftspul yn Burgum en dat like my machtich. Dus ik ha audysje dien en ha jierren lang meispile."

Tryater

Se falt op en regisseur Pyt van der Zee freget har foar in rol yn it slútstik fan it bûn fan Fryske toanielselskippen. Fan it ien komt it oar en sa komt se yn byld by Tryater dêr't se ek in oplieding dwaan mei.
Aktrise Hilly Harms fertelt har libbensferhaal
Underwilens giet it har privee wat minder goed foar de wyn. Se skiedt fan har man. "Wy hiene gjin rûzje, mar wy stimulearren elkoar net mear. It wie in goeie man, mar ik fielde my beheind yn myn ûntwikkeling."

Skieding

It beslút om by inoar wei te gean falt net fan de iene op de oare dei. "Ik ha der jierren oer dien om dy stap te setten. Der binne ek bern yn it spul en dan dogge jo soks net samar." Se ferhuzet nei Drachten en garret hjir en dêr wat húsried byinoar.
"Ik hie neat. Myn fertsjinsten by Tryater wiene net folle en ik woe gjin alimintaasje ha. Fan in freondinne krige ik in kachel, mei in oare freondinne gie ik op 'tafeljacht': op syk nei in goedkeape tafel yn in kringloopwinkel. En as ik dan wat moais en goedkeaps fûn hie, wie ik út de skroeven, sa bliid."
Mei myn toanielspyljen haw ik sjen litten dat ik wol wat foarstel en dat ik wol wat kin. Ik tink dat it wol mei elkoar te krijen hat.
Hilly Harms
Op it toaniel stean hat wat magysk seit Hilly Harms. "Ik wit net wat it is. It jout foldwaning, mar dat is ek wer net it goeie wurd. It is mear. It docht wat mei my en as it goed is, ek mei it publyk."
It is neffens har net hielendal tafallich dat se graach de eagen op har rjochte fielt. "Ik ha fansels altyd dat stimpel hân dat ik dom bin. Mei myn toanielspyljen haw ik sjen litten dat ik wol wat foarstel en dat ik wol wat kin. Ik tink dat it wol mei elkoar te krijen hat."

Wâldpyk

Hilly Harms is no 84 jier en wennet mei har twadde man - dêr't se yn 2002 noch mei troude wylst se al lang tegearre wennen - yn Jistrum. "Ik bin berne yn Huzum, mar ik bin in echte Wâldpyk wurden."