Regisseur oangripend iepenloftspul Schindlers List "tige grutsk"

It iepenloftspul fan Burgum kin lang om let úteinsette: Schindlers List giet tongersdeitejûn yn premjêre. De kaartferkeap giet hurd: der binne twa ekstra foarstellingen.
Foto fan in repetysje © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Tiisdeitejûn wie de try-out fan it stik. "Dat wie bysûnder", fertelt regisseur Theo Smedes. "Je hoopje as regisseur dat it wat mei minsken docht. As je it meimeitsje dat der 500 man mûskestil op de tribune sitte en der prachtige reaksjes komme, dan binne je hiel tefreden. Ik sjoch mei in soad betrouwen de premjêre yn 'e mjitte."
Schindlers List is basearre op de film mei deselde namme. "It ferhaal giet oer Oscar Schindler, in rike Dútske sakeman dy't nei Krakau komt om jild te fertsjinjen. Mar yn de oarloch komt it op syn paad dat er mei it fabryk sa'n 1.200 Joaden rêdt fan de dea."

Ikoanysk ferhaal

It ferhaal is by de measte minsken wol bekend, dochs grypt it alle kearen wer oan. "Dat it in bekend ferhaal is, wie ek wol wat in gefaar", seit Smedes.
"De film is fansels sa ikoanysk, soks is hast net benei te kommen. Mar it doel is om ticht by dy belibbing te kommen, dat wie de syktocht. As it dan echt sa is dat de minsken in yndrukwekkende jûn belibje, dan bin ik tige bliid en grutsk dat wy dit delset hawwe."
Dy sêne pakt je hieltyd wer by de strôt.
Theo Smedes oer wannear't Schindler ynsjocht wat er betsjutte kin
De meast bysûndere sêne fan it stik fynt Smedes dreech te kiezen. "Der sitte safolle moaie sênen yn. It moaiste fyn ik miskien dat Oscar Schindler echt it besef krijt wat betsjutte te kinnen. Dat hy ynsjocht dat hy by steat is om al dy Joaden te rêden. Dy sêne pakt je hieltyd wer by de strôt."

It famke mei it reade jaske

In oare sêne út de film dy't in soad minsken bybliuwt, is de sêne mei it famke mei it reade jaske. It byld is swart-wyt en je sjogge allinnich it jaske yn kleur. Foar in film wie dat hiel sterk.
Smedes hat syn bêst dien om dat effekt oer te bringen yn it iepenloftspul. "It reade famke wurdt by ús de ferteller, as 80-jierrige frou, spile troch Hilly Harms. Sy fertelt it ferhaal hoe't sy de oarloch oerlibbe hat. Se nimt ús mei oan de hân troch it stik hinne. Dus sa komt it reade famke, de reade frou, as reade trie troch it stik."
Aktrise Hilly Harms as 'de reade frou' © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
It iepenloftspul wurdt spyle op it binnenplak fan it âlde molkfabryk, krekt as de film him yn in fabryk ôfspilet. "It is hiel bysûnder dat wy yn it âlde molkfabryk spylje meie. It dekôr is sa moai, it azemet de sfear fan it fabryk fan Schindler yn Krakau. It is in kadootsje dat wy it dêr spylje meie."
Regisseur Theo Smedes oer it iepenloftspul Schindlers List
In sêne út it stik © Barbara van Rijn
It iepenloftspul wie al hielendal útferkocht en der wie ek al in ekstra jûn oankundige, mar der komt noch in jûn by. Op 11 maaie is der in ekstra foarstelling.