It libbensferhaal fan Riemer van der Velde: "Ik bin net fan de 'ik'. Ik sis altyd 'wy'"

Riemer van der Velde by syn bertehûs yn Bakkefean © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Syn widze stie yn Bakkefean; Riemer van der Velde waard berne op 28 oktober 1940, yn de earste moannen fan Twadde Wrâldoarloch.
Sechtich jier bleau de âld-foarsitter fan sc Hearrenfean wenjen yn syn bertedoarp. Hy komt der noch faak. Van der Velde sjocht werom op in prachtige jeugd dy't syn fierdere libben bepaald hat.
Yn it radioprogramma Buro de Vries fan Omrop Fryslân fertelt er oer syn libben.
It libbensferhaal fan Riemer van der Velde
Van der Velde groeide op yn in ûndernimmershúshâlding. Heit en mem wurken hurd en ek de bern moasten harren stientsje bydrage. Dat hat de bakkerssoan noait as ferfelend ûnderfûn. Al fan jongs oan ôf moasten Riemer en syn broer en suske meiwurkje yn de saak.

Prachtige jeugd

Utsutelje op 'e fyts as se út skoalle kamen en letter meiwurkje yn it iiskofabryk. Sjokodips meitsje diene se mei syn allen. De heit fan Riemer wie in echte ûndernimmer dy't hieltyd wer wat nijs útfine woe en wol fan de útdagings wie. Mem wie kreatyf en hâlde fan muzyk.
Beide wiene tige aktyf yn it doarp Bakkefean. Van der Velde hat fan beide wat, fertelt hy. Mei grut plezier sjocht hy werom op syn jeugd.
De âlden fan Riemer van der Velde by de winkel © Riemer van der Velde
Van der Velde koe op skoalle goed meikomme. Mar op de middelbere skoalle gie it dochs wat mis. Hy koe him net genôch konsintrearje, it wiene te lange dagen.
De HBS makke hy net ôf. Wol de middelbere detailhannelsskoalle. De jonge Riemer kaam by syn heit yn 'e saak. Tegearre makken se de saak grutter.
Riemer yn syn jonge jierren © Riemer van der Velde
Kafee de Brink stie njonken it wenhûs. Dêr binne hiel wat jeugdige oeren trochbrocht en ek letter. De muzyk spile in grutte rol. Sels sjonge mei syn allen en benammen Fryske ferskes kamen dan foarby. Mar it nûmer dêr't Van der Velde op dûnse, wie 'Rock around the clock' fan Bill Haley. Dat nûmer heart by syn jeugd fertelt er.

Sport as grutte passy

Sport wie de grutte passy fan Riemer van der Velde. Fuotbalje en letter ek motorrace. Letter waard hy ek foarsitter fan de fuotbalklup yn Bakkefean. It doarp bliuwt syn 'thús'.
Nei 60 jier ferlit Riemer mei syn frou Annie syn bertedoarp. Se ferhúzje nei Langwar. "Ik sis net dat it in fersin wie, mar ik mis it doarp wol."
Troufoto Riemer en Annie van der Velde © Riemer van der Velde
Riemer is al hiel lang mei 'syn' Annie troud. Se troffen mekoar op in dûnsjûn. Annie wie 17 en Riemer 23. Se krigen al gau ferkering. Ynearsten net ta grutte freugde fan de heit en mem fan Annie. "Wat moatst mei sa'n âlde man" sei har heit. Mar dat kaam allegear goed.

Soad reizge

"We hawwe tegearre in prachtich libben hân en noch. Sport is wat ús bûn." Annie wie in topkuorbalster en Riemer fuotballe ek noch efkes yn it betelle fuotbal by Be Quick yn Grins. Se hawwe in soad reizge, de wrâld oer west en moaie dingen dien tegearre.
Riemer en Annie hawwe gjin bern. "We hawwe ien kear by in gynekolooch west. Dy fertelde wat we der allegear foar dwaan moasten. Doe ha we sein, we sjogge wol hoe't it komt."
Wat je net hawwe, kinne je ek net misse, seit Van der Velde. "We hawwe in hiel soad oare bern opfongen en holpen. Dat wie ek moai." De bruorren Tim en Tom Coronel hawwe ûnder oare in soad stipe hân fan it pear.
Buro de Vries siket dizze simmer libbensferhalen op fan bekende(re) Friezen en Friezinnen op leeftiid. Se sjogge werom op har jeugd en wat dat foar ynfloed hie op har libben.
De libbensferhalen binne sneins om 12.00 oere op de radio te belústerjen en ek fia de podcast-app.
Foppe de Haan en Riemer van der Velde yn 2021 © ANP
De sakeman Van der Velde is ien fan de dúdlikens. Hy fynt him sels net de sakeman dy't ta skea fan alles en benammen oare minsken syn wurk docht. Dêr moat er neat fan hawwe. "Ik bin net fan de 'ik'. Ik sis altyd 'wy'."
Sûnder de oaren kinne je neat, dy binne fan grut belang.
Riemer van der Velde
Ek by sc Hearrenfean wie dat syn kredo. Mei trainer Foppe de Haan hat er dat by de klup ek altyd heech yn it findel hân. "Sûnder de oaren kinne je neat, dy binne fan grut belang." Sa soe hy graach ris mei bûnscoach Louis van Gaal yn petear wolle. "It is in goeie bûnscoach, mar it is tefolle 'ik'."

Leafde foar de klup

De âld-foarsitter fan sc Hearrenfean hâldt noch altyd fan de klup. Hy kin him der ek wol drok oer meitsje. Dat sprekt er bytiden ek út.
Op de fraach wêrom't er foar syn ôfskied sels net better socht hat om in goeie opfolger, seit er dat dat hielendal net goed wêze soe. Wol is er noch teloarsteld oer it feit dat hy, wylst it doe wol tasein is troch de Ried fan Kommissarissen, noait by it opfolgingsproses belutsen waard. Dochs kin er sokke saken ek wol loslitte.

Sûnens

Riemer van der Velde is no 81. Mei de sûnens giet it goed, al hat er by hast alle dokters op alle fronten wol yn de sprekkeamer sitten. In nije heup en stents, it is allegear dien by Van der Velde. Benaud foar de dea is it 'Orakel fan Langwar' net. "Ik bin der net mei dwaande." Hy wol leaver noch wol efkes trochlibje, mar "as it moarn oer is, no, dan is it sa" laket Van der Velde.
Riemer van der Velde

Libbensles

De libbensles foar Van der Velde is: je yn oare minsken ferpleatse kinne, en ek ferjaan kinne. It hat gjin doel om altyd lilk te bliuwen. Sa fynt hy dat bygelyks Marc Overmars mear help krije moatten hie fan Ajax. Hy hat Overmars nei it 'dickpic'-ferhaal ek in mail stjoerd dat hy altyd wolkom bliuwt by Riemer en Annie. "Zelfs het beste paard struikelt weleens."

In nije dei

As we freegje nei muzyk dy't by syn libben past, komme der in hiel soad Fryske nûmers foarby. Der is safolle moais, seit Van der Velde. "Mar dan kies ik toch foar Syb (van der Ploeg) en De Kast mei 'In nije dei', dat se yn it Abe Lenstra stadion spilen. As ik it hear, krij ik wer pikefel."