Riemer van der Velde betinkt Cruijff: "Lykas Abe, in sjeny"
Op de 75e bertedei fan Johan Cruijff is it foar Riemer van der Velde de tiid om oantinkens op te heljen. De âld-foarsitter fan sc Hearrenfean hie geregeld kontakt mei Cruijff.
It is in bekende anekdoate, mar Van der Velde fertelt 'm graach: yn 1988 hie er hast Cruijff binnen helle as nije trainer fan Sportklup Hearrenfean, doe noch aktyf yn de earste divyzje.
"We hienen in groep mei wat ûndernimmers, sa'n fyftjin bedriuwen. Se seinen tsjin my: as wy no in bedrach garant jouwe, en do dochst dyn bêst om Cruijff nei Hearrenfean te heljen, dan falt dat wol op."
As ik dan noch gjin trainer fan FC Barcelona bin, dan wol ik der mei jim oer prate.
Van der Velde gong dermei oan de slach. "Ik lei Johan út wat we woenen. Hy sei: 'ik vlieg morgen naar Barcelona, daar ben ik in gesprek. Volgende week donderdag ben ik terug. Als ik dan nog geen trainer van FC Barcelona ben, dan wil ik er met jullie over praten. Ik bel je donderdag om tien uur.'"
Dy tongersdeitejûn gong yndie de telefoan by Van der Velde. "Want hy wie in man fan de tiid. Dus, Johan Cruijff oan de telefoan. 'Ik word trainer van Barcelona. Maar je mag het nog niet zeggen, want het wordt pas over een week bekend!'"
Hynders yn Oranjewâld
It joech wol oan dat Cruijff in man fan syn wurd wie en wol prate woe. "We hienen sels al wat diskusjearre oer de hobbys fan syn frou. Der wie in maneezje yn Oranjewâld, dat joech miskien wat mooglikheden."
Uteinlik kaam Cruijff nea yn tsjinst fan sc Hearrenfean, mar Van der Velde hie noch faak genôch kontakt mei de nûmer 14. "Ik ha ferskate kearen mei him golf spile. Dat die er graach en we hienen in groepke minsken mei wa't we dat faak dienen."
Yn de fuotballerij moeten de twa elkoar ek noch geregeld. "Ik ha him nochris in boek oerlange. Doe fertelde ik dat we yn Fryslân altyd fûnen dat Abe Lenstra de bêste fuotballer wie. Mar doe't ik op in gegeven momint ûntduts dat yn it foargeslacht fan Cruijff ek Frysk bloed siet, makke ik my dêr minder drok om."
As er tusken ien fan de twa kieze moat? Dan dochs Abe. "Dat moat ik wol sizze as âld-foarsitter fan sc Hearrenfean en as grut leafhawwer fan Abe. Abe wie fantastysk, in sjeny. Mar Cruijff fansels ek. It wienen twa giganten."
Cruijff waard nei syn karriêre as fuotballer ferneamder as Lenstra om syn praten. "Mar Abe hie syn sinnige dingen ek wol. Hy wie hiel dúdlik. Yn in soad dingen wienen se itselde."
In begryp
"Cruijff hat yn in lettere tiid fuotballe en is oeral in grutte namme wurden. Yn it oerwâld fan Argentinië kenne se ús minister-presidint net, mar Cruijff kenne se wol. Dat is in begryp."
Van der Velde mist Cruijff, krekt sa't er Abe mist. "Mar it binne alle twa minsken dy't bestean bliuwe yn it tinken fan elkenien, en yn de belibbenis by it fuotbal. Se hearre by de aldergrutsten."
Riemer van der Velde waard moandei raar wekker, omdat syn boat sonken wie