It libbenswurk fan Hans Jouta: Johan Cruijff yn brûns
Al stiet Johan Cruijff te plak foar de Arena yn Amsterdam, keunstner Hans Jouta fan Ferwert is der noch hieltyd net klear mei. It is syn libbenswurk. De opdracht dy't hy binnenhelje moást. Programmamakker Albert Jensma folge Jouta by it meitsjen fan it brûnzen byld fan de legindaryske nûmer 14 fan Ajax.
It libbenswurk fan Hans Jouta: Johan Cruijff yn brûns (2)
It byld fan keatser Hotze Schuil yn Harns stie krekt te plak doe't Jouta en syn heit Sytse oan tafel mimeren oer wat hjir oerhinne kin. "Dat koe mar ien wêze, yn ús optyk: Cruijff."
Doe't hy de opdracht krige, slagge it mar net om derfan te genietsjen. De druk op de skouders fan de keunstner om it goed te dwaan is heech: "Dit wie te spannend, der siet te folle druk op." It hâldt Jouta nachten út de sliep. "Je witte dat as it om Cruijff giet alle registers iepen gean. Alle keunstners wolle de opdracht ha."

Programmamakker Albert Jensma: "Dit byld moat better as goed wêze. Dat moat perfekt wêze. Sa hat hy dat hele proses ûnderfûn. No't hy de opdracht hie, moast er it meitsje en goed. Dat jout druk."
Hie Jouta yn it ferline syn heit, no moat hy it sûnder syn help dwaan. Heit Sytse wie demintearjend en is yn jannewaris dit jier ferstoarn. It útfieren fan de belangrykste les dy't Jouta leard hat, slagget dan ek net. Dat it libben boartsjen is, in spul dat je sa goed mooglik en mei wille spylje moatte.
Fryslân DOK 'It Masterstik'
Sneon 21 novimber om 15.30 oere op NPO2 (Nederlânsk ûndertitele, werhelling 22 novimber om 13.10 oere)
Snein 22 novimber om 17.00 oere op Omrop Fryslân-telefyzje (werhelling alle oeren)