Aktrise Hilly Harms is werom op it plak dêr't it begûn: it iepenloftspul fan Burgum

Hilly Harms is werom op it toaniel. De 83-jierrige aktrise spilet de rol fan Reade Famke yn it iepenloftspul fan Burgum, Schindlers List.
It iepenloftspul fan Burgum:
Harms wie eartiids ferneamd as aktrise by it Fryske toanielselskip Tryater en yn tv-searjes as Baas boppe Baas.
No stiet se wer op it toaniel. Op it plak dêr't it foar har yn de jierren '60 eins allegear begûn: it iepenloftspul fan Burgum.
Aktrise Hilly Harms © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Harms wie ferrast dat se frege waard foar de rol fan 'de reade frou'. "Eins wie ik hiel tankber", seit se. "Ik bin noch goed sûn en kin dit goed spylje. Boppedat sjochst dat it hiel nedich is om dit no op te fieren."
Frede en frijheid is net goedkeap.
Hilly Harms
Se doelt dêrmei op de oarloch yn Oekraïne: "Sjochst hoe hurd oft it feroarje kin. Doe wienen it de Joaden, no de Oekraïners. Frede en frijheid is net goedkeap."
Harms by it iepenloftspul fan Burgum © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Regisseur Theo Smedes is bliid dat hy Harms strikke koe foar de rol: "We soenen it eins yn 2020 al opfiere, mar dat koe net. De frou dy't doe de rol spylje soe, foel fuort. Ik seach doe in ferhaal mei dêrby Hilly Harms en wist doe fuort dat we har ha moasten. Sy kin it ferhaal fertelle as oerlibber fan de oarloch."
Hilly Harms wie aktyf by it Frysktalich amateurtoaniel, spile by iepenloftspullen en wie ek regisseur. Se spile jierrenlang (1976-1993) by Tryater, yn stikken as De feint fan twa masters en Mephisto. Se waard boppe-al bekend om har rol as Joukje Baas yn de Omrop Fryslân-dramasearje Baas Boppe Baas.
Harms wie ek te sjen yn in tal Fryske en Nederlânske films, wêrûnder De gouden swipe (1996), De Fûke (2000), Stuk! (2014) en yn Spaak (2017). Neist aktrise is se ferhalefertelster.
Harms is har fjoer net ferlern. By de repetysjes strielet se en lytse flaterkes lit se sûnder omtinken links lizze. It ferhaal past ek persoanlik by har.
Sa stienen se ek by ús thús doe foar de doar. Kamen se foar myn heit. Wo ist dein Vati!?
Hilly Harms ken it lûd fan de Dútske learzens noch
"Ik bin fan 1938. Ik ha de oarloch net hiel bewust meimakke, mar wat my noch goed foar de geast stiet is dat lûd fan de learzens. Dat gestamp. Dat dogge se hjir ek en dat jout wolris de kribels. Sa stienen se ek by ús thús doe foar de doar. Kamen se foar myn heit. Wo ist dein Vati!? Dy siet ûnderdûkt en ha se net fûn."
In boadskip hat se net, mar se hopet wol dat it benammen de jongere minsken oan it tinken set: "Se witte amper wat frijheid is. Dat kinne se ek net witte, want se ha it noait oars meimakke. Wês dêr mar bliid om, mar wês dy der wol bewust fan."

Gjin ôfskied

Oft dit de lêste rol is dy't Harms spilet? As it oan har leit net. "It is mar krekt wat lânskomt. Ik wol net mear lykas yn it ferline by alle doarpen del. Dat kin ik net mear, of se moatte my ride."
Mar fan ophâlden wol se net witte. Fan ôfskied nimmen ek net. "Nee, dêr hâld ik net fan. Ik ha ek noait fuort west. Der sitte wol grutte gatten, mar ik kom altyd wer werom."
Yn 2013 fertelde Harms oer in stik dat spesjaal foar har 75e jierdei skreaun wie: