Omrop Fryslân

Musical De Tocht set hast útein, organisaasje hat hege ambysjes

© Joris van Bennekom
De hel fan it Noarden: hjir ferliket Foppe van der Veen it ta stân kommen fan musical De Tocht mei. Al hie hy it foar gjin goud misse wollen. De premjêre is snein.
It is Madelène van Beuzekom fan De Lemmer dy't hast tsien jier lyn it plan foar in musical oer de Alvestêdetocht op papier sette. En no is it dan safier. Yn in spesjaal boud teäter oan de râne fan Ljouwert op it terrein fan boubedriuw Friso.
Wurde mei musical de Tocht hege ambysjes wier makke?
Van Beuzekom reizge in tal jierren lyn as keunstrider de wrâld oer mei Holiday on Ice. "Ik vroeg me af waarom we als hét schaatsland van de wereld geen theater of entertainment op het ijs hadden." Dat moast oars en doe kaam se mei it idee fan in stik oer de Alvestêdetocht op it iis.

Terrein fan in slachterij

Undernimmer Foppe van der Veen fan Ljouwert wie gelyk entûsjast en is fan it begjin ôf ien fan de lûkers. Dat wie net altyd like maklik. Sa soe it teäter earst boud wurde op it terrein fan âld slachterij Brada.
Der wie al in skjin-grûn-ferklearring ôfjûn doe't bliken die dat der kelders, asbest en oaljetanks fûn waarden. De premjêre waard sels in jier útsteld troch dizze tsjinslach. Boubedriuw Friso komt mei de rêding: se bouwe it teäter op harren eigen terrein. At de musical klear is, dan sille se it brûke as produksjehal.
© Joris van Bennekom
"We hawwe mei ús allegear hiel faak de ferliking makke mei de âlvestêdetocht", sa fertelt Van der Veen. "We wisten wol wêr't de finish lei, mar net wat we ûnderweis allegearre tsjinkomme soene. Dat is miskien mar better ek, oars wienen we der net oan begûn."
It slagget de Fryske inisjatyfnimmers om grutte nammen út de Nederlânske musicalwrâld nei Fryslân te heljen. Sa docht Eddy Habbema - bekend fan tal fan Joop van der Ende produksjes - de rezjy.
Fryske akteur Thijs Meester is ien fan de haadrolspilers.
© Joris van Bennekom
Lanlik bekende muscial-akteurs sa as Nandi van Beurden en Wolter Weulink weagje harren sjongend en spyljend op de redens. Mar der is ek Fryske ynbring, sa is Thijs Meester, ien fan de haadrolspilers.

85.000 kaarten

Wol moatte de akteurs op reedrydles. Hast in jier lang oefenje se alle wiken op it iis. Want it stik spilet him ôf op in grutte iisflier dy't draaie kin, wêrtoch't it liket dat de riders noch hurder geane.
De inisjatyfnimmers dreame der fan om krekt sa suksesfol te wurden as Soldaat fan Oranje. Dizze musical rint al mear as tsien jier en hat mar leafst trije miljoen besikers lutsen. Foar De tocht binne oant no ta 85.000 kaarten ferkocht.
Wat de takomst ek bringe sil, dat de musical no makke is, jout betinker Van Beuzekom al in ûnwerklik gefoel. "Ik kan er met mijn hoofd niet bij. Ik had tien jaar geleden niet kunnen bedenken dat we er zelfs een theater voor zouden laten bouwen."
FryslânDok IIsfrij
Is de Alvestêdetocht no al in myte wurden no't der in musical oer makke wurdt? De kâns op in tocht der tochten wurdt al mar lytser troch waarmere winters. Wat docht dat ferlies fan net inkeld in natuerferskynsel, mar ek fan in stik kultuer en dat bysûndere riderssentimint mei ús? De FryslânDok IIsfrij stiet hjirby stil, te sjen op snein 1 oktober fanôf 17.00 alle oeren.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.