De Hoop (PvdA) oer plan foar 'klimaatticket': "Ek dat heart by besteanssekerheid"

Habtamu de Hoop © ANP
GrienLinks, PvdA en de ChristenUnie lansearje op Prinsjesdei in plan om it iepenbier ferfier yn Nederlân foar elkenien betelber te meitsjen. Oanlieding foar it plan is de noed dy't de partijen ha oer de betelberens fan it ov.
"Ik meitsje my grutte soargen", seit Habtamu de Hoop, Twadde Keamerlid foar de PvdA. "De NS hat al oankundige mei in spitstaryf te kommen wermei't de prizen wol tsien persint omheech gean. Wylst in treinkaartsje no al djoer is."
De trije fraksjes komme dêrom mei plannen om de begrutting foar it kommende jier, dy't kommende tiisdei op Prinsjesdei offisjeel presintearre wurdt, oan te passen. Underdiel dêrfan is in saneamd klimaatticket: foar 47 euro yn 'e moanne kinne minsken sa'n ticket keapje en ûnbeheind gebrûk meitsje fan trein, bus, metro en tram.

Wommels

Yn syn eigen wenplak Wommels spilet it probleem fan min iepenbier ferfier ek, fernimt De Hoop. "De basisskoalle yn myn doarp kin gjin nije stazjêres krije, omdat dy tweintich minuten rinne moatte fan it busstasjon nei de skoalle. Dan rinne se leaver staazje op in plak dêr't de berikberheid folle better is."

Klimaatticket

De ynspiraasje foar in klimaatticket komt net allinnich út de eigen omjouwing, mar ek út oare lannen. "Sjoch nei it bûtenlân: yn Dútslân en Eastenryk ha se in klimaatticket, yn Lúksemboarch is it hast fergees. Wêrom dogge wy dat net?"
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.
"Foar fjouwer miljard soest foar hiel Nederlân it iepenbier folslein fergees meitsje kinne", seit De Hoop. "Sa mâl dogge wy it net, mar foar in pear hûndert miljoen euro wol. En dat kinne we betelje troch ferskate belestingen te ferheegjen, foar bedriuwen en oer oandielen bygelyks. Dat smyt ús in heal miljard op."

Skepsis

Age Hartsuiker, dy't foar Heerenveen Lokaal yn de gemeenteried fan Hearrenfean sit en yn Jobbegea wennet, hat der in hurde holle yn. "Yn it bûtengebiet kinst net sûnder auto. De bus docht der fierstente lang oer. Boppedat sjoch ik dat de bus moarns en jûns yn de spits wol fol sit, mar dêrtuskenyn meitsje de minsken der hast gjin gebrûk fan, dan is it net rendabel."
Wy moatte ophâlde mei it rendemintstinken.
Habtamu de Hoop
De Hoop fynt dat net in argumint. "Wy moatte ophâlde mei dat rendemintstinken. It giet derom dat iepenbier ferfier foar álle minsken berikber en betelber wêze moat. Ek dat heart by besteanssekerheid."
Habtamu de Hoop (PvdA), Sieger Dijkstra (VNO-NCW) en Age Hartsuiker (Heerenveen Lokaal) © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
Sieger Dijkstra, foarsitter fan ûndernimmersferiening VNO-NCW Noord, wol graach dat it Noarden foarop rint yn oare oplossingen foar mobiliteit. "Laten we juist in het Noorden experimenteren en zorgen dat we een alternatief hebben, als de bus straks echt te duur wordt."
Hy hat der ek wol wat gedachten oer: "Misschien kunnen we beginnen met een soort van Noordelijke Uber, waarbij mensen elkaar meenemen. En hoe kunnen we straks de zelfrijdende auto's op een effectieve manier inzetten?"