Habtamu de Hoop heechste Fries op kandidatelist GrienLinks-PvdA

Habtamu de Hoop © ANP
Habtamu de Hoop is troch de kandidatekommisje fan GrienLinks en Partij van de Arbeid op plak 12 fan de mienskiplike list foar de Twadde Keamerferkiezingen set.
De Hoop (25) giet dêrmei foar syn twadde perioade as Keamerlid. By de ferkiezingen yn maart 2021 waard de ynwenner fan Wommels foar it earst yn it parlemint keazen. As PvdA-kandidaat krige er doe 10.092 stimmen yn hiel Nederlân.
Op it stuit hat er Ynfrastruktuer en Wettersteat yn syn portefúlje. Foardat er de Keamer yn kaam, wie De Hoop gemeenteriedslid yn Súdwest-Fryslân.
De heechste Fryske GrienLinkser stiet op 45 fan deselde list. Dat is Charda Kuipers, dy't no yn Provinsjale Steaten fan Fryslân sit.
De list fan GrienLinks-PvdA wurdt oanfierd troch Frans Timmermans.

Oare Fryske kandidaten

Ferskate oare partijen ha har list ek al bekendmakke, of alteast in part fan de list. Sa is Aukje de Vries de heechste Fries op de VVD-list (plak 8), Jouke Spoelstra by it CDA (11), Jan van der Veen by de SP (36), Maarten Goudzwaard by JA21 (6), Sieta van Keimpema by BVNL (3) en Mariska Rikkers by BBB (10).