De Hoop (PvdA) net tefreden mei antwurd minister en freget debat oer A7 oan

Habtamu de Hoop (PvdA) © ANP
Twadde Keamerlid Habtamu de Hoop (PvdA) wol tiisdei in debat oer de A7 en de ferkearsympasse dy't dêrtroch ûntstiet. Dat seit er yn it telefyzjeprogramma It Polytburo fan Omrop Fryslân. Hy is net tefreden mei de antwurden fan minister Harbers.
It giet oer it probleem mei de Prinses Margriettunnel, dêr't grûnwetter in part fan de dyk omheechdrukt hat. De Hoop neamt it 'ûnakseptabel' dat de A7 sa lang ticht is. Trije wiken lyn stelde De Hoop al fragen oan minister Mark Harbers fan Ynfrastruktuer en Wettersteat oer de problemen.
Harbers hat freedtemiddei witte litten dat er tiid nedich hat. Rykswettersteat is noch dwaande mei ûndersyk, hy kin dêrom noch gjin perspektyf jaan, mar seit wol dat it de heechste prioriteit hat.

'Yn Rânestêd ûnfoarstelber'

Dat antwurd is foar De Hoop lykwols net genôch. "Boargers en ûndernimmers moatte rekkenje kinne op in fatsoenlike ynfrastruktuer", seit hy. "Je kinne je net foarstelle dat dit by de ring A10 it gefal wêze soe." Foar it Fryske wen-wurkferkear is de A7 'krúsjaal', fynt hy.
De PvdA'er hat benammen noed oer de minsken yn de doarpen om de dyk hinne. "Stel dy foar datst yn De Hommerts-Jutryp wennest en moarns de bern nei skoalle bringe moatst."

Omliedingen

Hy wiist ek op de omliedingsrûten, dêr't mei de tanimming oan ferkear al meardere ûngelokken bard binne. "Dat wolle je net meimeitsje."
De minister op besite by de tunnel © CAMJO media
De Hoop hat ek begryp foar de brânbrief dy't ûndernimmers nei it ministearje stjoerd hawwe oer de situaasje. "Hoe lang binne dy omliedingsrûten noch te beriden?", freget hy him ôf. Dêrmei wiist it Keamerlid op de minne steat fan brêgen lykas dy fan Twellingea en Spannenburch.