Foaroansteande Fryske PvdA'ers komme mei petysje: "Alde, reade idealen foaropsette"

© ANP
Fjouwer bekende Fryske PvdA'ers komme mei in petysje oer de gearwurking mei GrienLinks. Se binne benaud dat tradisjonele PvdA-idealen op it twadde plak komme by in eventuele fúzje.
De petysje is in inisjatyf fan âld-Twadde Keamerlid Lutz Jacobi, âld-wethâlder Wietze de Haan, Minne van Oosten en it eardere Steatelid Jan Kloosterman.

'Sosjale doelen ferwetterje'

"Wy hawwe de yndruk dat se yn Den Haag al oan it trochborduerjen binne op in fúzje tusken GrienLinks en de PvdA", leit Kloosterman (84) út. "De sosjale wearden fan de PvdA lizze al langere tiid ûnder druk, wy hawwe yn de ôfrûne jierren in protte minsken ôfheakjen sjoen."
"Wy wolle dat de PvdA der wer is foar de minsken, mei de doelen dy't wy ea steld hawwe", giet Kloosterman fierder. Neffens him ferwetterje dy doelen troch de gearwurking mei GrienLinks. "Yn ús partij sette we hieltyd mear it griene boppe-oan en litte we it sosjale links lizze. Ik sjoch minsken dy't sizze: 'as dit fierder giet, heakje wy ôf'."

Social media

Kloosterman en de trije oare foaroansteande Fryske PvdA'ers wolle dat dat feroaret. "Wy moatte derfoar soargje dat ús moaie PvdA net ûnderút giet. Lit sjen wêr't wy foar steane, dat we tusken de minsken steane. Dat we it sosjale altyd fierder bringe wolle."
Kloosterman tinkt dat it gefoel breed droegen wurdt. "Ast social media folgest, dan sjochst dat de kearnwearden fan de PvdA mist wurde. Dêr sjoch ik in protte berjochten oer foarbykommen: 'jimme binne der net mear foar ús'. Wy moatte sjen litte dat we der wol binne foar minsken en dat we net allinnich griene idealen hawwe. Wy moatte ús âlde, reade idealen foaropsette."

Itensbank

It eardere Steatelid jout ta dat klimaat en duorsumens ek wichtich is. "Mar nei corona geane der bygelyks folle mear minsken nei de itensbank. Dêr hat GrienLinks gjin goed antwurd op."
Lutz Jacobi stapte ferline wike ek al út it haadbestjoer fan de PvdA omdat se tsjin in mienskiplike kandidatelist by de Twadde Keamerferkiezingen is. Dat plan waard troch in grutte mearderheid fan de leden stipe. By GrienLinks giet it om 91,8 persint en by de PvdA om 87,9 persint.