Lutz Jacobi stapt út haadbestjoer PvdA fanwegen gearwurking mei GrienLinks

Lutz Jacobi op argyfbyld © ANP
Politika Lutz Jacobi (67) fan de PvdA is opstapt út it haadbestjoer fan de partij. Reden foar har beslút is de nauwere gearwurking fan de partij mei GrienLinks.
Fan Jacobi is al skoften bekend dat sy tsjin in fúzje is. "Wat hat de kiezer der oan, de minsken yn it lân?", sei sy begjin dit jier by Omrop Fryslân.

"Top-down, dat steurt my"

"It is op dit momint top-down, dat steurt my freeslik", joech Jacobi oan. "Gearwurkje, prima. Mar organisatoarysk leit it hiel oars en hiel yngewikkeld. Bliuw dêr ôf", wie har boadskip.
De PvdA-koryfee soe it leafst in bredere gearwurking hawwe, mei partijen dy't har eigen identiteit behâlde. "Want wat stelle je foar mei twa partijen?" Sy tocht oan D66, Partij voor de Dieren, SP, mar ek in JA21 sleat sy net út. "Eltse partij hat sa wol syn sosjale eleminten, dêr moatte je inoar op fine."

Gearwurking

By in referindum ûnder de leden fan beide partijen stimde in romme mearderheid foar de gearwurking. By GrienLinks giet it om 91,8 persint en by de PvdA om 87,9 persint. Omdat Jacobi leaver in "brede linkse alliânsje", sjocht yn stee fan ien list fielt sy har as bestjoerder gjin goeie fertsjinwurdiger mear fan de PvdA-leden.
De gearwurking hâldt ûnder oare yn dat de partijen by de Twadde Keamerferkiezingen yn novimber ien kandidatelist presintearje sille.
Dêrnjonken seit sy gjin enerzjy mear te krijen fan it wurk sels, no't in fúzje foar de doar stiet. "Ik fyn it te technokratysk, ik hie gjin sin mear oan de fúzjepetearen en krij gjin enerzjy mear om sa organisatoarysk dwaande te wêzen."

Listlûker

It is noch net dúdlik wa't de listlûker wurdt op de mienskiplike list. "Ik heb er alle vertrouwen in dat de beste man of vrouw op een goede manier vooraan komt te staan. Zo kunnen we een links, groen en progressief geluid laten horen in Den Haag", sei Charda Kuipers earder. Sy is fraksjefoarsitter fan GrienLinks yn Provinsjale Steaten.
Fan in folsleine fúzje tusken de partijen is mei de mienskiplike list noch gjin sprake.
Jacobi seit net folslein út de polityk te stappen: "Ik bliuw wol aktyf, ek wol yn Fryslân."