Mearderheid fan Friezen wol ekstra ynvestearringen yn it iepenbier ferfier

De Westereen ferlear ferline jier syn direkte oansluting tusken trein en bus © RTV NOF
Benammen 65-plussers fine dat de provinsje ekstra jild yn it iepenbier ferfier stekke moat, ek al is der dan minder jild foar it autoferkear. Dat docht bliken út sifers fan Kieskompas, de online stimhelp foar de Provinsjale Steateferkiezings fan 15 maart.
Yn it Kieskompas gean twa stellingen spesifyk oer it iepenbier ferfier. De earste: De provinsje moat ekstra jild ynvestearje yn it iepenbier ferfier, ek al is der dan minder jild foar it autoferkear. De twadde: De provinsje moat derfoar soargje dat nei lytse doarpen faker in bus rydt, ek al moat de provinsjale wegebelesting dêrfoar omheech.
Op beide stellingen reagearren Fryske 65-plussers yn mearderheid posityf: 71 persint is it iens mei de earste stelling, 69 persint mei de twadde.

Leeftiidsgroep 35-49 meast ferdield

Fan alle Friezen dy't it Kieskompas ynfolle ha, is 62 prosint it iens mei beide stellingen.
De leeftiidsgroep fan 35 oant 49 jier is it meast ferdield: fan harren fynt 53 prosint dat der ekstra jild nei it ov moat, ek as dat betsjut dat der minder jild is foar it autoferkear. Krekt wat mear (57 prosint) fynt dat der faker in bus ride moat nei lytse doarpen, ek al moat dêrfoar de provinsjale wegebelesting omheech.
In Arriva-bus by Fjouwerhûs (De Fryske Marren) © ANP
Oardel wike lyn lansearre Kieskompas yn gearwurking mei Omrop Fryslân in stimhelp, mei dêryn 30 stellingen. By de lêste telling hienen goed 16.000 minsken it Kieskompas foar Fryslân ynfolle.
Dit is wat de partijen oanjûn ha by ûndersteande stelling yn it Kieskompas:

De provinsje moat ekstra jild ynvestearje yn it iepenbier ferfier, ek al is der dan minder jild foar it autoferkear

Folslein mei iens: Partij voor de Dieren, CDA, AWP, Provinciaal Belang Fryslân, BBB
Mei iens: GrienLinks, SP, D66, FNP, PvdA, ChristenUnie
Neutraal: JA21
Net mei iens: BVNL, Forum voor Democratie, VVD, 50Plus
Folslein net mei iens: PVV
Ut de sifers fan Kieskompas docht bliken dat benammen minsken dy't by de Twadde Keamerferkiezingen fan 2021 links stimd ha, it mei de stelling iens binne. Sa wol 84 prosint fan de GrienLinks-stimmers ekstra jild foar it ov, krekt as 80 en 79 prosint fan de minsken dy't op respektyflik de Partij voor de Dieren en de PvdA stimd ha. BIJ1-stimmers wienen it noch faker iens mei dy stelling, mar dy partij docht yn Fryslân net mei oan de Steateferkiezingen.
Mar ek stimmers op rjochtse partijen binne it faker iens as net iens mei de stelling: fan de minsken dy't twa jier lyn op it CDA of de BBB stimd ha, fynt 60 prosint dat de provinsje earder jild yn it iepenbier ferfier stekke moat as yn it autoferkear. Mar ek VVD-stimmers (53 prosint) en JA21-stimmers (52 prosint) fine dat.
Allinnich by stimmers op de PVV (50 prosint) en Forum voor Democratie (43 prosint) is der gjin mearderheid foar de earste stelling.
Dit is wat de partijen oanjûn ha by ûndersteande stelling yn it Kieskompas:

De provinsje moat derfoar soargje dat nei lytse doarpen faker in bus rydt, ek al moat de provinsjale wegebelesting dêrfoar omheech

Folslein mei iens: GrienLinks, Partij voor de Dieren, Algemene Waterpartij, Provinciaal Belang Fryslân
Mei iens: SP, D66, FNP, PvdA, BBB
Neutraal: JA21, CDA
Net mei iens: BVNL, VVD, 50Plus, ChristenUnie
Folslein net mei iens: PVV, Forum voor Democratie
Opfallend is dat it partijstânpunt fan 50Plus by de stellingen oer it iepenbier ferfier net oerienkomt mei de miening fan de minsken dy't twa jier lyn op dy partij stimd ha. 78 prosint fan de persoanen dy't doe foar 50Plus keazen, jout yn it Kieskompas oan it iens te wêzen mei de stelling om faker bussen ride te litten nei doarpen, ek al moat dêrfoar de wegebelesting omheech. Allinnich ûnder GrienLinks-stimmers leit dat oandiel heger (82 prosint).
Ek docht op 'e nij bliken dat linkse stimmers it faker iens binne mei de stelling as rjochtse stimmers, mar ek dy lêste groep sjocht dochs graach faker bussen riden: 52 prosint fan de PVV- en FvD-stimmers is it der bygelyks mei iens en ek 54 prosint fan de minsken dy't twa jier lyn VVD stimden.