Súdwest-Fryslân sjocht kâns foar alternatyf sikehûsplan: "Ze kijken eenzijdig naar Joure"
Sluting fan sikehûs Antonius yn Snits is net perfoarst nedich, tinkt gemeente Súdwest-Fryslân. Ferpleatse nei De Jouwer ek net. De gemeente hat in eigen ûndersyk útfiere litten en dêr binne meardere senario's útkommen.
De gemeente giet derfan út dat de fjouwer sikehuzen en soarchfersekerder De Friesland dizze alternativen meinimme yn harren ûndersyk nei de helberens fan de fúzje fan it Antonius en Tjongerschans.
Mar ien senario meinommen
Goed in moanne lyn is bekend makke dat De Jouwer de nije bestimming wurde moat foar in mienskiplik sikehûs. De gemeente Súdwest-Fryslân is deroer fernuvere dat dêrby útgongen is fan ien senario. Neffens de gemeente hat eigen ûndersyk sjen litten dat der meardere senario's binne.
Gemeente Súdwest-Fryslân wol dat nei de alternative senario's foar de sikehuzen sjoen wurdt
Ut it ûndersyk binne seis potinsjele lokaasjes foar it sikehûs yn Snits sels kommen. De lokaasjes binne troch Antonius besprutsen, sy litte witte dat se twa dêrfan ynteressant fine. Se binne lykwols net meinaam yn de einôfwaging en dêroer is de gemeente Súdwest-Fryslân fernuvere.
Wethâlder Marianne Poelman wol net sizze dat se negearre binne, mar al dat se fierder útsocht wurde moatte. Dêroer wol se graach ôfspraken meitsje mei de bestjoeren fan de sikehuzen en soarchfersekerder De Friesland.
Ze kijken eenzijdig naar Joure.
Neffens de gemeente binne der fjouwer goede redenen om foar Snits te kiezen. It giet dan ûnder oare om de oanwêzigens fan de mbû-soarchoplieding fan ROC Firda. Dêrneist is der goed iepenbier ferfier, romte foar nijbou en is Snits ek oantreklik as stêd foar soarchpersoniel.
Poelman wiist fierder op it rapport 'Elke regio telt!'. Dêryn stiet dat der tusken regio's ûnwinsklike ferskillen komme as it giet om foarsjennings foar soarch, ûnderwiis, wurkgelegenheid en ynfrastruktuer.
Rop om dúdlikens
Wat Poelman no graach wol, is dúdlikens. Benammen oer de arguminten om te kiezen foar in fúzje en nijbou op De Jouwer en net te sjen nei de alternativen yn Snits. "Het moet gaan om de beste locatie, die met feiten onderbouwd kan worden. Nu kijken ze eenzijdig naar Joure."
Súdwest-Fryslân sil no in nij ûndersyk opsette. Dêryn wurdt sjoen nei wat de ekonomyske impact is fan in ferhuzing fan it sikehûs. "We willen helder krijgen wat dit gaat betekenen voor onze voorzieningen, de ondernemers. Gaat dit ten koste van het onderwijs, wat betekent dit voor de studenten?"
It ûndersyk moat sa gau as mooglik klear wêze.