Aksjefierders fine foarnommen sluting fan sikehûs Snits weismiten jild

'Stop de verloedering fan de Friese zorg' stiet op it spandoek © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
In lytse tritich minsken kamen ôf op de aksje foar it behâld fan sikehûs Antonius yn Snits. De SP wie de organisator, mar de politike kleur wie net belangryk.
It gie derom in sinjaal te jaan oan de ried fan Súdwest-Fryslân, dy't tongersdei de lêste fergadering hie foar it reses. De riedsleden krigen in pleister en in roltsje ferbân ûnder het motto 'Ferbine foar it Antonius'.
De aksje wie by de fergadering dêr't ek in moasje yntsjinne is ta behâld fan Antonius, krekt lykas dat op It Hearrenfean foar Tjongerschans dien is. "We zitten hier zelf niet in de raad", seit organisator en SP-Steatelid Hanneke de Goede. "Maar we zijn heel blij dat een andere partij (Nieuw Sociaal, red.) het heeft opgepakt. We willen de motie steunen en laten zien dat Antonius moet blijven."
Boargemaster De Vries krijt in roltsje ferbân. Se jout oan dat se foar behâld fan Antonius is. © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Aksje Antonius
De aksjefierders fine dat de soarch tichteby de minsken bliuwe moat en dat it personiel gewoan harren wurk goed berikke kinne moat. "En het is een goed ziekenhuis", mient De Goede.
"Er worden op dit moment meerdere operatiekamers verbouwd. Waarom een goed ziekenhuis afbreken en eentje in Joure bouwen? Joure is daar niet op berekend. Het is goed zoals het nu is."
De fjouwer Fryske sikehûzen en ferskate soarchfersekerders presintearren in moanne lyn it plan om yn de takomst de sikehûzen yn Snits en op It Hearrenfean te sluten. Yn plak dêrfan soe der in nij sikehûs op De Jouwer komme moatte.
Neffens de bestjoerders fan de sikehûzen en soarchfersekerders is it plan nedich om kwalitatyf goede spoedeaskjende help, intensive care en akute bertesoarch oerein hâlde te kinnen.
Dat fynt ek aksjefierder Greta Meester fan Snits. Se hie op deselde dei noch nei de eachdokter west yn it Antonius-sikehûs. "Ik bin derfan ôfhinklik. Ik fyn it in probleem om nei De Jouwer ta te moatten mei it iepenbier ferfier en ik haw gjin auto."
Se fynt de plannen ek weismiten jild. "Se bouwe yn it Antonius grutte operaasjekeamers foar safolle miljoen. Miskien mei ik it net sizze, mar ik fyn it kloate."
Oft de aksje holpen hat of net; in moasje yn de gemeenteried om de soargen oer de sluting oer te bringen oan de sikehûsbestjoerders en de soarchfersekerders is oannaam.