"Fal kabinet biedt kânsen om sikehuzen Snits en It Hearrenfean te behâlden"

Antonius sikehûs Snits © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De Twadde Keamerferkiezings fan novimber binne in moaie kâns foar de ynwenners fan it suden fan Fryslân om te striden foar it behâld fan it Antonius Sikehûs en sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean. Dat seit riedslid Pieter Greidanus fan Nieuw Sociaal yn Súdwest-Fryslân.
Hy hat in moasje opsteld foar it behâld fan it Snitser sikehûs, dêr't no tongersdei oer stimd wurdt. De ried fan Hearrenfean wie Súdwest-Fryslân foar: dêr waard ferline wike tongersdei in moasje foar behâld foar Tjongerschans al unanym oannommen.
"Fal kabinet biedt kânsen om Antonius Sikehûs te behâlden"
Yn Den Haag wurdt yn it ramt fan it rapport 'De regio telt' in soad praat oer de needsaak fan goeie foarsjennings op it plattelân, lykas streeksikehuzen. It plan om it Antonius Sikehûs yn Snits en Tjongerschans op It Hearrenfean te fusearjen ta ien grut nij sikehûs op 'e Jouwer is neffens Greidanus yn striid mei dizze trend.

'Weismiten jild'

Yn juny makken de direksjes fan de sikehuzen en soarchfersekerder De Friesland bekend dat de sikehuzen yn Snits en It Hearrenfean op termyn slute. Yn plak dêrfan komt der by De Jouwer ien grut nij sikehûs. De gemeenterieden wiene hjir net by belutsen en komme no yn ferset. Greidanus tinkt dat de gemeenten in goeie kâns meitsje om it plan op te kearen, no't der ferkiezings oankomme.
"It kabinet is fallen. Wy moatte der as politike partijen no foar soargje dat it besteansrjocht fan de sikehuzen fan Snits en It Hearrenfean in plakje krijt yn de ferkiezingsprogramma's", seit Greidanus. "It Antonius Sikehûs hat krekt 35 miljoen ynvestearre yn nije operaasjekeamers. Dat is weismiten jild as it sikehûs hjir ferdwynt."

"Rjocht op goede soarch"

Greidanus fynt it ek gjin goeie saak dat it fúzjebeslút nommen is troch direksjes fan sikehuzen en soarchfersekerders sûnder oerlis mei demokratysk keazen folksfertsjintwurdigers lykas gemeenterieden en Provinsjale Steaten. "Fan wa is in sikehûs? In sikehûs is fan de ynwenners, fan de boargers en net fan in soarchfersekerder of in bestjoerder."
"Dy binne ynhierd om goeie soarch te leverjen en soene wat minder nei winstsifers sjen moatte of fergelikingen meitsje mei de Rânestêd", fynt Greidanus. "Folumes lykas dêr sille we hjir noait krije, mar we hawwe wol rjocht op goeie soarch."

Grutte gemeente sûnder sikehûs

It argumint fan de direksjes dat fúzje nedich is, omdat it dreech is oan foldwaande meiwurkers te kommen oertsjûget Greidanus net. It liket him better om dokters en oare soarchmeiwurkers reizgje te litten, yn plak fan dat alle pasjinten dat moatte. "Wêrom kin in dokter net de iene dei yn Drachten operearje en in dei letter yn Snits? Ik begryp dat de soarch feroarje moat, mar dat kin neffens ús ek hiel goed mei behâld fan de fjouwer besteande sikehuzen yn Fryslân."
Greidanus heakket deroan ta dat it tal ynwenners fan Súdwest-Fryslân de lêste tiid allinnich mar groeit. "Wy binne ien fan de grutste gemeenten fan Nederlân, en dêr soe dan gjin sikehûs mear wêze? Ik kin my dat net foarstelle."