Fryske soarchsektor wachtsje drastyske yngrepen: "We kunnen niet toveren"

De foarnommen fúzje fan it Antonius sikehûs yn Snits en Tjongerschans op It Hearrenfean soarget foar grutte ûnrêst by it personiel en pasjinten. Dochs wize de sifers út dat der yn Fryslân gjin oare opsje is.
Dat hat te krijen mei de komst fan de grize weach. Dêr heart by dat de soarchfraach tanimt. Oan de oare kant is der personielskrapte: yn it Regiobeeld Fryslân 2023, in dokumint wêryn't ûndersocht wurdt hoe't it sit mei de soarch, stiet dat der oer tsien jier in tekoart fan 600 ferpleechkundigen is yn de sikehuzen.

"We hebben niet genoeg mensen om de roosters rond te krijgen", seit Ellen de Jong fan sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten út namme fan alle sikehuzen. "Als er één of twee mensen uitvallen wordt het problematisch." Absolute oantallen wol De Jong net jaan. "We zien ze wel", seit se. "De rek is er wel uit en de organisaties zijn kwetsbaar door openstaande vacatures en ziekte."
It driigjende tekoart oan personiel is ek ien fan de redenen dat it Antonius en Tjongerschans de hannen yninoar slaan om ta in oplossing te kommen. Se witte dat se nei de takomst ta yn 'e knipe komme.
Verpleegkundigen van de intensive care inzetten op de Eerste Hulp en andersom.
De oplossing leit net maklik foar hannen, seit Idi de Boer, manager akute soarch yn Nij Smellinghe. "In de drie noordelijke provincies hebben we het samenwerkingsverband 'Zorg voor het Noorden'. Daar delen we initiatieven en zorgen we dat we maximaal nieuwe medewerkers kunnen opleiden."
Dûbelde oplieding
Der wurdt ek sjoen nei oare oplossings, lykas it dûbeld oplieden fan ferpleechkundigen. "Dat verpleegkundigen van de intensive care ingezet kunnen worden op de eerste hulp en andersom", seit De Boer.
Boppedat wurdt der sjoen nei de yndieling fan it sikehûs. Sa wurdt Nij Smellinghe ynkoarten ferboud. De ôfdielings dy't akute help biede, komme dan tichter byinoar te sitten. Dat makket it wurkjen effisjinter en ek kin personiel makliker fan de iene nei de oare ôfdieling.
De personielskrapte yn de soarch nimt ta: yngripe is no needsaaklik
In oplossing leit net samar foar hannen. De ynstream op de opliedings nimt ôf en dat betsjut dat it tekoart op in oare wize oplost wurde moat. "Nieuw personeel kunnen we niet creëren", seit Sara Meijer fan soarchfersekerder De Friesland. Sy is ien fan de opstellers fan it Regiobeeld. "Niet alleen in de zorg zijn tekorten. Landelijk zie je dat bijna alle sectoren daarmee worstelen."
In oar soarchlânskip
Meijer fynt dat der sjoen wurde moat nei in folslein oar soarchlânskip. "Je moet ernaartoe dat je mensen ondersteunt om zaken zelf of samen te doen. Zo blijft de zorg die nodig is voor de echt kwetsbaren beschikbaar. Daarnaast moet er beter worden samengewerkt en gedigitaliseerd."
Ynnovaasje kin ek helpe. Sa binne der al pleisters mei in sensor dy't ynformaasje trochjouwe oan de soarchferliener. Ek wurdt yn 't foar al mear dien om minsken ta te rieden op operaasjes.
It giet om it saneamde 'pre-habilitatie'. Dat wurdt dien troch fysioterapeuten of húsdokters en soarget derfoar dat minsken folle minder lang in bêd beset hâlde.

In bykommend probleem is it tekoart oan húsdokters. Yn Ljouwert en Drachten is dat probleem it grutst. Oer hiel Fryslân giet it no om in tekoart fan 100 húsdokters. Dat rint de kommende 10 jier op nei 200.
De provinsje besiket mei finansjele stipe húsdokters hjirhinne te heljen. Dêrfoar wie in subsydzjepot beskikber fan 6,5 ton. Dy pot is yntusken leech.

Neffens de soarchsektor kringt it probleem noch net folslein troch yn de polityk. Bygelyks yn de gemeenterieden fan Súdwest-Fryslân en Hearrenfean wurdt protestearre tsjin de foarnommen fúzje fan it Antonius en Tjongerschans.
De hieltyd tanimmende problemen mei de personielstekoarten makket it yn stân hâlden fan de twa sikehuzen neffens de direkteuren ûnmooglik.