Hoe helje je in mear as 80 jier âlde Lancaster út de Iselmar?

Ien fan de propellers fan de Lancaster ED603 © Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
Al jierren wurdt der efter de skermen wurke oan de berging fan it gefjochtsfleantúch Lancaster ED603 út de Iselmar. Sa moast der ûnder oare histoarysk ûndersyk dien wurde nei it wrak. Mar wat is der no te ferwachtsjen dalik, as it wetter fan de mar fuortpompt wurdt?
By de bergingstsjinst fan de Keninklike Luchtmacht yn Woensdrecht binne de tariedings foar de berging al in skoft yn folle gong. It bergjen fan in histoarysk fleantúch út de Iselmar is net samar in put. Sa moat der sjoen wurde nei de omstannichheden, de feiligens en de kâns fan slagjen.
De Lancaster ED603 is yn juny 1943 op goed seis kilometer fan Breesândyk yn de mar delstoarten, en leit no op sa'n fjouwer meter djipte. Krekt noch binnen de provinsjegrinzen fan Fryslân. It is in fleantúch mei in skiednis.
Wat komt derby sjen om in fleantúch út de Iselmar te heljen
Yn maart 1996 waard it fleantúch by tafal ûntdutsen troch Volendamske fiskers. Sy joegen de lokaasje troch oan de autoriteiten en koene ek in plaatsje mei it searjenûmer fan it fleantúch oerlangje.
Mei dy gegevens koe al gau efterhelle wurde dat it om in fleantúch fan de Royal Air Force út 1943 gie. In heal jier nei de ûntdekking waard der al praat oer de mooglikheden fan berging, mar om't it fleantúch gjin gefaar opsmiet, en de kosten folslein foar de gemeente wêze soenen, waard doe gjin aksje ûndernaam.

Nationaal Bergingsprogramma

De hege kosten fan in fleantúchberging wiene lange tiid in te grutte drompel foar gemeenten om oarlochswrakken te bergjen. Mar yn 2018 is it Nationaal Bergingsprogramma opset, wat it foar gemeenten finansjeel in stik oantrekliker makket om it inisjatyf te nimmen foar in berging.
De ynset fan bygelyks de bergingstsjinst en identifikaasjetsjinst fan definsje wurdt betelle út dit programma wei. De gemeente is noch ferantwurdlik foar de kosten fan bygelyks de oannimmer, dy't de berging fasilitearret.
Tusken 1996 en 2023 is it wrak lykwols net mei rêst litten. Ferskate kearen bin amateur-dûkers by de bommewerper wêst en dêrby hawwe sy ek guod mei nei boppe helle. Sa hat in dûkteam fan Skylge yn 2007 ien fan de motoaren fan de Lancaster opfiske. In oare groep hat de piloatestoel al út it wrak helle.
Dochs hawwe dizze ekspedysjes der wol foar soarge dat der omtinken foar it tastel kaam, en dat der úteinlik in beslút naam wurde koe dat de Lancaster ED603 burgen wurde moast.
Dat mei neffens de hjoeddeistige wet net. Koartlyn binne der yn Limboarch bygelyks ek taakstraffen útdield oan trije manlju dy't yllegaal dwaande wiene by in âlde Spitfire.
In foto út de Ljouwerter Krante yn 2007 © Marleen Swart
De dûkaksjes fan de ôfrûne jierren soargje der wol foar dat it foar definsje op dit stuit dreech te sizzen is wat se oantreffe sille as der yn septimber úteinset wurdt mei de berging. Mooglik hawwe de yllegale dúkaksjes skea oanrjochte oan it fleantúch, of binne bepaalde ûnderdielen útinoar skuord.

Sonarûndersyk

Oan de hân fan sonarbylden en ûnderwetterkamera's is besocht in byld te krijen fan de tachtich jier âlde Lancaster. Mar om't de Iselmar tige troebel is en it wrak foar in grut part yn it sân sakke is, binne der noch in soad fragen.
Sonarbyld fan de Lancaster, de romp is dúdlik te herkennen © Aircraft Recovery Group 1940 - 1945
De grutste fraach is fansels wêr't de trije fermiste fleaners binne. Inkele wiken nei de crash mei de Lancaster yn 1943 spielden fjouwer fan de sân bemanningsleden al oan op de Fryske kust. Sy binne te hôf brocht yn Starum, Hylpen en Warkum. De oare trije wurde noch hieltyd fermist, mooglik binne harren stoflike resten noch yn it fleantúch oanwêzich.

Grut technysk wurk

No't de ûndersiken dien binne, en in plan makke is, begjinne de praktyske tariedings foar de berging. Sa sil de kommende wiken in soad materiaal nei it midden fan de Iselmar brocht wurde. Dat is nedich om in kofferdam om de âlde Lancaster hinne te meitsjen.
In kofferdam is in soart dok dat makke wurdt troch damwanden del te setten yn in stik wetter, dat kin yn in mar wêze, mar ek yn in rivier. It wurk is fergelykber mei de kofferdam dy't yn 2016 makke is by de berging fan in âlde Vickers Wellington by De Lemmer.

Publyksdei

De berging sil fanwege de feiligens net iepen wêze foar it publyk. Der wurdt rekken hâlden mei mooglike eksplosive lading en eventuele fersmoarge grûn.
Yn septimber wurdt der by Koarnwertersân wol in publyksdei organisearre. Dan kinne minsken sjen wat der op de Iselmar bart en wat der sa al boppe wetter helle wurdt by de berging.
Minsken dy't mear witte wolle oer de eftergrûn fan de berging, kinne telâne op in spesjale webside fan de gemeente Súdwest-Fryslân.
In originele Lancaster by in fleanshow yn Wales © ANP
Yn augustus, as de pompen oanset wurde, sil de Lancaster foar it earst it deiljocht wer sjen. Dan sil ek dúdlik wurde hoe't it fleantúch der no echt by leit. Pas yn septimber wurdt der úteinset mei de echte berging fan it wrak. Om't dat in sekuer wurk is, nimt definsje dêr inkele wiken de tiid foar.
It is de bedoeling dat it folsleine wrak fan de marboaium helle wurdt. Mooglik sille ûnderdielen fan it fleantúch letter by museums te sjen wêze, mar dy diskusje is foar nei de berging.
It skipferkear moat de kommende moannen yn de omkriten fan Breesândyk yn alle gefallen rekken hâlde mei oanpaste farregels. Om de kofferdam hinne jildt nammentlik in farferbod.