Definsje set yn septimber útein mei de berging fan de Lancaster dy't yn 'e Iselmar leit

Definsje en de gemeente Súdwest-Fryslân sille yn septimber úteinsette mei de berging fan de Lancaster ED603. It wrak fan de bommewerper leit yn de Iselmar in oantal kilometers út de kust fan Breesândyk.
De Lancaster is yn de nacht fan 12 op 13 juny 1943 delsketten troch in Dútske nachtjager, alle sân fleaners binne hjirby om it libben kaam. Fjouwer fan de jonge manlju spielden inkele wiken nei de crash oan op de Iselmarkust, sy hawwe in lêste rêstplak krigen op de hôven fan Warkum, Starum en Hylpen.
Mooglik sitte de trije oare bemanningsleden noch yn it fleantúch. De earste oanset foar de berging fan de Lancaster komt dan ek by de famylje fan de sneuvele militêren wei. "Nabestaanden hebben gevraagd om de stoffelijke resten van hun familieleden te bergen om zo een laatste rustplaats te krijgen", fertelt Petra van den Akker, wethâlder Kultuer.
Grut wurk
It Ministearje fan Definsje docht it wurk tegearre mei Leemans Speciaalwerken, yn opdracht fan de gemeente Súdwest-Fryslân. Nei alle gedachten sil it wurk inkele wiken yn beslach nimme. Benammen ek om't der in stik fan it Iselmar drûchlein wurde moat om it fleantúch te bergjen.
Yn 2016 waard in selde metoade brûkt om in Vickers Wellington by De Lemmer te bergjen. Ek dit wurk is doetiids dien troch Leemans.
Nasjonaal Bergings Programma
De berging fan de Lancaster ED603 is ûnderdyk fan it Nasjonaal Programma Berging Fleantúchwrakken. De gemeente Súdwest-Fryslân is de opdrachtjouwer, it Ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes en it Ministearje fan Definsje stypje de gemeente by de berging mei jild en advys.
It Nasjonaal Programma berging fleantúchwrakken begûn yn 2019, en soarget foar de berging fan ûngefear 30 fleantugen wêrby't de kâns grut is dat der noch stoflike resten fûn wurde. Dit programma is opset om in lang koestere winsk fan neibesteanden yn 'e mjitte te kommen, om harren fermiste famyljeleden noch in grêf jaan te kinnen, en wissichheid te jaan oer harren lot.