Súdwest-Fryslân sil fleantúchwrak út Twadde Wrâldoarloch út de Iselmar helje
De gemeente Súdwest-Fryslân sil it wrak fan de Lancaster ED603 út it wetter helje. It fleantúch kaam yn de nacht fan 12 op 13 juny 1943 yn de mar terjochte nei't it besketten waard troch in Dútske nachtjager.
De Lancaster die mei oan in oanfal op de Dútske stêd Bochum. Dêrby waard it tastel al rekke troch loftôfwar. It fleantúch gie skansearre op wei nei hûs yn Ingelân, mar boppe Nederlân waard it ûntdutsen troch in Dútske radar. Dêrnei waard it tastel út de loft sketten.
Noch trije fermisten
Yn it fleantúch sitte noch de stoflike omskotten fan trije fermiste bemanningsleden. It giet om de Ingelsken Raymond Moore, Charles Sprack en Arthur Smart. De neibesteanden woenen graach dat de lichems burgen wurde.
De kâns is reëel dat by de berging de stoflike omskotten fûn wurde, seit Johan Graas, foarsitter fan de Stichting Aircraft Recovery Group. "In 2016 hebben we ook al menselijke resten gevonden."
Syn stichting is bliid dat it tastel no burgen wurdt. "Het is in 1996 door Volendamse vissers gevonden. Sindsdien zijn wij al aan het proberen om het te laten bergen, omdat er dus nog drie vermisten in zitten."
Fjouwer oare bemanningsleden spielden earder oan op de Fryske kust.
In dûkteam fan de marine hat nei alle gedachten de Lancaster ED603 fûn. Dêrop is yn kaart brocht hoe't it wrak krekt yn it wetter leit. Yn april 2021 hat boargemaster Jannewietske de Vries fan Súdwest-Fryslân in fersyk dien om de Lancaster en noch in oar fleantúch, de Manchester L7390, oan te melden foar it Nationaal Bergingsprogramma vliegtuigwrakken, dat de operaasje finansiert.
It bergjen wurdt in gigantyske operaasje, seit Graas. "We hebben scans uitgevoerd: het gebied is ongeveer 35 bij 35 meter. Bij zulke operaties wordt daar meestal een damwand omheen gezet en daarna wordt het leeggepompt. Dan vind je alles wat je moet vinden."
It is noch net bekend wannear't it bergjen krekt plakfine sil. Graas ferwachtet yn maaie of yn de simmer fan takom jier.
Yn de Iselmar lizze noch tsientallen wrakken fan alliearde en Dútske fleantugen. Der binne meardere lokaasjes bekend, wêr't de wrakken lizze, mar yn de measte gefallen is ûnbekend om watfoar fleantugen it giet.
"In de toenmalige Zuiderzee zijn er 250 tot 300 vliegtuigen neergekomen", seit Graas. "Een heleboel zijn er nog niet gevonden. We zoeken vaak zelf ook gebieden af, op zoek naar die wrakken. We hebben er zo'n 12 à 15 gevonden."
15 miljoen foar opromjen fleantúchwrakken
It Ryk hat 15 miljoen euro beskikber steld om 30 oant 50 fleantúchwrakken út it wetter te heljen. De kosten fan de berging binne sawat hielendal foar rekken fan it Ryk.
Oarlochswrakken dy't har ûnder de grûn of op de boaiem fan in rivier of de see befine, wurde oer it algemien beskôge as oarlochsgrêf, in plak dat respektearre wurdt en yn prinsipe net samar fersteurd wurde mei. Dêr wurdt no fan ôfwykt.